filosofy

In wichtige, sa net de wichtichste gedachte by Postma is syn idee dat it tinken de werklikheid begrypt as in kombinaasje fan djoer en momint, fan algemien begryp en hiel konkreet ferskynsel. Der is hast gjin gedicht fan him of it is op de spanning tusken dy twa boud. Mar it idee is him as natuerwittenskipper dy ’t siket nei wetten om de ferskynsels te ferklearjen, fansels ek hiel eigen. Sa eigen sels, dat er yn 1913 tsjin Heinrich Rickert seit dat it histoaryske, dat is it ienmalige, altyd diel fan de natuerwittenskip is. Sels de lêste natuerwittenskip, sa ’t er dy – sa seit er – opfettet, befettet wol deeglik it werklike. It hoecht dan ek gjin betooch dat Postma in soad as eigen werkende yn de ideeën fan Georg Simmel, sa ’t dy dat yn syn “Lebensanschauung” (1918) ûnttearde.Yn dat wurk definiearre Simmel it libben sa ’t er dat as objektive, transedinte werklikheid seach, sa: “Dass das Leben absatzloses Fliessen ist und zugleich ein in seinen Trägern und Inhalten Geschlossenes, um Mittelpunkte Geformtes, Individualisiertes, und deshalb, in der anderen Richtung gesehen, eine immer begrenzte Gestaltung, die ihre Begrenztheit dauernd ünberschreitet, – das ist seine wesenbildende Konstitution.”

Op in momint dat er syn filosofyske studiën al ôfsletten hie en al syn frije tiid bestege oan histoaryske argyfstúdzje, makke er noch in úttreksel fan dielen fan krekt dat boek. It soe it lêste wêze, allinnich noch folge troch oantekeningen út “Het absoluut idealisme” van J.A. dèr Mouw om 1950 hinne.Hy lies “Lebensanschauung” yn de net feroare werprintinge fan 1922, wannear krekt is dreech te sizzen. Men soe út it yn 1922 wer opfetsje fan it byld fan de libbensstream dat er yn jierren net brûkt hie, tinke kinne dat er it boek noch yn it jier fan ferskinen lies.

Ek mei Simmel yn ferbân liket te stean in twadde sintrale gedachte by Postma, it idee nammentlik dat neat ferlern gean kin. Ek dat komt foar it earst pregnant formulearre yn syn poëzy fan de earste helte fan de jierren tweintich foar. Simmel fûn op dat punt werkenning by Postma trochdat dy út syn krekt begûnen histoaryske argyfstúdzje it him as dichter sa eigen libben fan alle dagen no ek út fier ferfleine tiden kennen learde. In moaie kombinaasje fan libbensstroom en bewarre bliuwen fan wat west hat, jout dan it gedicht “It libben dat fergong” (1925; SF 161 ).

Der binne fansels ek ferskillen mei Simmel. Simmel kaam lâns filosofyske wei (en yn konfrontaasje mei Bergson) ta syn ideeën oangeande it libben, Postma hie syn natuerwittenskiplike fyzje ferdjippe net allinnich mei filosofyske stúdzje, mar foaral ek mei syn histoaryske kennis oangeande it konkrete, aldendeiske libben. En wylst Simmel oan sjenyen tocht doe ’t er skreau dat neat ferlern gean koe, wie foar Postma krekt it hiel elemintêre, ienfâldige bestean it bliuwende.

Har wegen ferskilden en ek de útkomst wie net identyk, mar Postma en Simmel hawwe yn har tinken in soad mienskipliks. Under har kyk op it libben sit grif hiel wat fan wat de tiid meibrocht dêr ’t se yn libben. It neo-kantianisme mei syn optimistyske foarútgongsleauwe èn foar wat Simmel oanbelanget ek de desillúzje fan de Earste Wrâldoarloch, dy ’t him sykje liet nei in sin foar it bestean, bepaalde harren tinken. “Lebensanschauung” wie it lêste wurk fan Simmel. Pas hjiryn kaam er nei in jierrenlange plakbepaling neffens Bergson ta in eigen opfetting fan it libben.

Omdat de kennismakking mei “Lebensanschauung” in soad foar Postma betsjutten hawwe moat, jouwe wy hjir syn úttreksel fan it boek.