Algemien

It Obe Postma Selskip, oprjochte yn 2006, wol as feriening leafhawwers fan Postma syn oeuvre byinoar bringe. Ek wol it Selskip it bestudearjen fan syn wurk stimulearje en de útjefte fan syn wurk befoarderje.

It Obe Postma Selskip organisearret geregeldwei gearkomsten oangeande ûnderskate aspekten fan Postma’s oeuvre. Boppedat jout de feriening it blêd Wjerklank út. Ek fia de webside wurde leden en belangstellenden op de hichte hâlden fan it riden en silen. Mei lêzingen, útstallingen en soksoarte stimulearret it Obe Postma Selskip in krityske resepsje fan it wurk fan Postma.

It Selskip wol de nasjonale en (mooglik ek) de ynternasjonale kontakten oangeande it oeuvre fan Postma befoarderje. Dêrta siket it nei stipe en meiwurking fan de oerheid en fan organisaasjes dy ’t op itselde terrein wurkje.