Wittenskip

Postma promovearre yn 1895 by de lettere Nobelpriiswinner J.D. van der Waals op it proefskrift Iets over uitstraling en opslorping. Hy smiet him nêst syn learaarsbaan op de stúdzje fan de natuerkunde. Hy hie ûnder oaren kontakt mei H.A. Lorentz, yn dy tiid in sintrale figuer yn it ynternasjonaal netwurk fan natuerkundigen. Syn artikels ferskynden yn de ‘Verslagen en mededelingen’ fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Postma makke fan alles wat er bestudearre en skreau úttreksels en oantekeningen yn skriften, achthûndert yn totaal. Dy wurde bewarre yn it argyf fan Tresoar. Se jouwe in goed byld fan syn geastlike arbeid en ûntjouwing troch de tiid hinne en litte ek de filosofyske achtergrûn fan syn dichtwurk sjen.