Untstean

It wie yn maaie 2006, dat yn ’e tsjerke fan Skraard in protte minsken ôfkamen op ûnder mear Philippus Breuker syn lêzing oar ‘Het landschap van Obe Postma’. Yn it skoft kaam Siebren van der Zwaag op him ôfstappen mei de fraach oft der net in Postma Selskip wie. Se wienen it deroer iens dat dat der eins komme moast en fregen Jan Gulmans, dy’t der ek wie, oft hy mei- dwaan woe. Dat wie it gefal en sa waard dêr dy middeis besletten om stappen te ûndernimmen om ta de oprjochting fan it Obe Postma Selskip te kommen, en, anneks dêroan, fan de Obe Postma Stichting. Begjin oktober 2006 waard ien en oar notarieel fêst- lein en op 19 novimber fan datselde jier presentearre it Obe Postma Selskip him yn ’e tsjerke te Koarnwert.