Wis- en natuerkunde

Postma promovearre yn 1895 by de lettere Nobelpriiswinner J.D. van der Waals op it proefskrift Iets over uitstraling en opslorping. Hy smiet him nêst syn learaarsbaan op de stúdzje fan de natuerkunde. Hy hie ûnder oaren kontakt mei H.A. Lorentz, yn dy tiid in sintrale figuer yn it ynternasjonaal netwurk fan natuerkundigen. Syn artikels ferskynden yn de ‘Verslagen en mededelingen’ fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Postma makke fan alles wat er bestudearre en skreau úttreksels en oantekeningen yn skriften, achthûndert yn totaal. Dy wurde bewarre yn it argyf fan Tresoar. Se jouwe in goed byld fan syn geastlike arbeid en ûntjouwing troch de tiid hinne en litte ek de filosofyske achtergrûn fan syn dichtwurk sjen.

Yn 1912 begûn syn ynteresse yn histoaryske ûnderwerpen grutter te wurden en fan 1918 ôf liet er it natuerwittenskiplik bedriuw foar wat it wie. Hy rjochte syn wittenskiplike aktiviteit no hielendal op de skiednis fan it Fryske lân en syn bewenners, yn it bysûnder op de lânbouskiednis. Dat resultearre ûnder oare yn 1934 yn De Friesche kleihoeve. Nei syn pinsjoen koe er him noch mear útlizze op it skiednisûndersyk. Op hege jierren wurke er noch mei oan de Geschiedenis van de Friese Landbouw (1952), dêr’t him (en J.J. Spahr van der Hoek) yn 1954 de Dr. Joost Halbertsmapriis foar takend waard. Foar en nei publisearre er artikels oer de buorkerij, it boerelibben en it Fryske doarp by âlds, sa’t er earder ek oer wis- en natuerkundige ûnderwerpen skreaun hie. Oant oer syn njoggentichste kaam er noch op de Kânselerij oan de Turfmerk yn Ljouwert, dêr’t it argyf fêstige wie. Oant syn dea gie er troch mei it publisearjen fan histoaryske stúdzjes, dy’t noch faak oanhelle wurde. Wichtiger as syn wittenskiplik wurk is lykwols syn Frysk dichterskip.

Oersicht natuer wittenskiplike brieven fan en oan Obe Postma:

Lês se hjirre