Statút

Koarte ferzje fan de akte oangeande de oprjochting fan it Obe Postma Selskip

Download folsleine ferzje statuten OPS

Namme en sit

Kêst 1.

  1. De feriening draacht de namme OBE POSTMA SELSKIP.

Doel fan

Kêst 2.

  1. De feriening hat ta doel:
    1. it befoarderjen fan kontakten tusken leafhawwers fan it oeuvre fan de Fryske skriuwer en dichter Obe Postma, en
    2. it befoarderjen fan de útjefte fan wurk fan Obe Postma, en
    3. it befoarderjen fan de bestudearring fan it wurk fan Obe Postma; en ek al itjinge dat dêrmei ferbân hâldt of dêrta befoarderlik wêze kin, alles yn de romste sin.
  2. De feriening besiket om dat doel ûnder mear te berikken troch:
    1. it hâlden fan gearkomsten;
    2. it jaan fan foarljochting troch in ferieningsblêd en in webside;
    3. it bekend meitsjen fan it oeuvre fan Postma troch lêzingen, tentoanstellingen en sa;
    4. it befoarderjen fan in krityske resepsje fan it wurk fan Postma;
    5. it befoarderjen fan nasjonale en (mooglik ek) ynternasjonale kontakten;
    6. it krijen fan stipe en meiwurking fan de oerheid en fan organisaasjes dy ’t op itselde mêd binne, en ek it befoarderjen fan de gearwurking fan organisaasjes dy gearwurkje.

Leden, studint-leden

Kêst 5.

  1. De feriening ûnderskiedt leden en studint-leden.
  2. Leden binne natuerlike persoanen dy ’t as sadanich ta de feriening talitten binne.
  3. Studint-leden binne sy, dy ’t struktureel oan wat aktiviteit fan de feriening dielnimme, mar noch studearjende binne oan universiteit of hegeskoalle, en as studint-lid ta de feriening talitten binne.
  4. It bestjoer hâldt in register by, wêryn ’t de nammen, gerubrisearre konform de leden fan dit artikel, opnommen binne.

Beëiniging lidmaatskip

Kêst 9.

  1. It lidmaatskip einiget:
    1. troch it ferstjerren fan it lid;
    2. troch opsizzing troch it lid;
    3. troch opsizzing troch de feriening;
    4. troch ûntsetting (royemint).
  2. Opsizzing fan it lidmaatskip troch it lid kin allinnich mar barre tsjin de ein fan it ferieningsjier en mei achtslaan fan in opsistermyn fan trije moanne. De opsizzing bart skriftlik.
  3. Opsizzing út namme fan de feriening kin barre wannear ’t in lid ophâlden hat te foldwaan oan de easken foar it lidmaatskip steld yn de statuten, wannear ’t hy / sy syn / har ferplichtingen foar de feriening net neikomt. De opsizzing bart skriftlik troch it bestjoer, mei achtslaan fan in opsistertermyn fan fjouwer wike; sawol it lid as de feriening kinne it lidmaatskip lykwols fuortendaliks opsizze as redelikerwize net ferge wurde kin it lidmaatskip trochgean te litten.
  4. In opsizzing yn striid mei it bepaalde yn lid 2 fan dit artikel docht it lidmaatskip einigjen op it betiidst talitten tiidstip dêrop opsein wie.

Jildmiddels

Kêst 12.

  1. De jildmiddels fan de feriening besteane út:
    1. kontribúsjes;
    2. bydragen;
    3. ynskriuwjild en ynlisjild;
    4. oare heffingen út krêft fan beslút fan de algemiene gearkomste;
    5. subsydzjes;
    6. jeften, legaten en rinten;
    7. alle oare baten.
  2. De te beteljen kontribúsjes foar leden en de bydragen foar studint-leden wurde alle jierren troch de Algemiene Gearkomste fêststeld. Sy kinne dêrta yn kategoryen yndield wurde dy ’t in ferskillende bydrage betelje.
  3. Ynskriuw – en ynlisjjilden wurde troch it bestjoer fêststeld.

Bestjoer

Kêst 14.

  1. It bestjoer fan de feriening bestiet út in ûneven oantal fan op syn minst fiif natuerlike persoanen, dy ’t troch de Algemiene Gearkomste beneamd wurde. Bestjoersleden moatte mearderjierrich wêze.
  2. De bestjoersleden wurde op de Algemiene Gearkomste mei mearderheid fan stimmen út en troch de leden keazen foar in sittingstermyn fan trije jier. Oan elk bestjoerslid, ek as hy / sy foar in beskate tiid beneamd is, kin troch de Algemiene Gearkomste altyd frege en net-frege ûntslach ferliend wurde. De Algemiene Gearkomste is fierders befoege om in bestjoerslid te skorsen. In skorsing dy ’t net binnen trije moannen folge wurdt troch ûntslach, ferfalt.
  3. De beneaming fan bestjoersleden bart út ien of mear foardrachten. Oant it opmeitsjen fan sok in foardracht befoege binne, sawol it bestjoer as fiifentweintich of mear leden. De foardracht fan it bestjoer wurdt by de oproping foar de Algemiene Gearkomste meidield. In foardracht troch fiifentweintich of mear leden moat foar it begjin fan de gearkomste skriftlik by it bestjoer yntsjinne wurde.
  4. Fan it ferhannele yn elke gearkomste wurde troch de sekretaris notulen opmakke, dy ’t troch de foarsitter en de sekretaris fêststeld en ûndertekene wurde.
  5. De gearstalling fan it bestjoer, de taak en wurksumheden fan de ôfsûnderlike bestjoersleden, en ek de wize fan ôftreden, wurde regele yn it húshâldlik reglemint, alles mei achtslaan fan it by it Statút bepaalde.
  6. Foarsitter, sekretaris en ponghâlder wurde troch de Algemene Vergadering yn funksje beneamd. De oare bestjoersfunksjes wurde ûnderling ferdield. Ofgeande bestjoersleden binne fuortdaliks foar maksimaal twa sittingsterminen fan trije jier werkiesber.
  7. De foarsitter, sekretaris en de ponghâlder foarmje it deistich bestjoer fan de feriening. As it sekretariaat en it penningmasterskip tydlik troch ien persoan útoefene wurdt en it bestjoer bestiet út mear as trije persoanen, dan kieze de bestjoersleden ien hunner ta it tredde lid fan it deistich bestjoer. De taak fan it deistich bestjoer wurdt neier by húshâldlik reglemint regele.

Jierferslach, jierrekken en ferantwurding

Kêst 18.

  1. It bestjoer is ferplichte om fan de fermogenstastân fan de feriening sa oantekening te hâlden, dat altyd dêrút har rjochten en ferplichtingen kend wurde.
  2. It bestjoer bringt op de Algemiene Gearkomste binnen seis moanne nei ôfrin fan it ferieningsjier syn jierferslach út oer de gong fan saken binnen de feriening en oer it fierde belied en leit in balâns en in steat fan baten en lêsten mei taljochting oan de gearkomste oer. Dizze stikken wurde ûndertekene troch de bestjoerders. Untbrekt de ûndertekening fan ien of mear hunner, dan wurdt dêrfan ûnder opjefte fan reden melding makke. Nei ôfrin fan de termyn kin elk lid yn rjochte dizze rekken en ferantwurding fan it bestjoer foarderje.
  3. De Algemiene Gearkomste beneamt alle jierren út de leden in kommisje fan op syn minst twa persoanen, dy ’t gjin diel útmeitsje meie fan it bestjoer, noch fan kommisjes beneamd troch it bestjoer fan de feriening. Dy kommisje ûndersiket de rekken en ferantwurding fan it bestjoer, stelt fêst oft it bestjoer genôch útfiering jûn hat oan it troch de Algemiene Gearkomste autorisearre belied en him oan de beliedsramten holden hat en bringt ferslach út fan har befiningen oan de Algemiene Gearkomste.
  4. It lid dat it langste sitting hat yn de kommisje neamd yn it foarige lid, treedt yn de Algemene Vergadering ôf en komt pas nei trije jier wer foar werbeneaming yn oanmerking. It bestjoer hâldt dêrta in roaster fan ôftreden by dat alle jierren yn ‘e aginda foar de Algemiene Gearkomste opnommen en publisearre wurdt. Leden fan de kommisje binne yn totaal maksimaal foar twa perioaden fan trije jier te beneamen.

Algemiene gearkomste

Kêst 19.

  1. Oan de Algemiene Gearkomste komme yn de feriening alle foegen ta, dy ’t net troch de wet of de statuten oan it bestjoer opdroegen binne.
  2. Alle jierren, uterlik binnen seis moanne nei ôfrin fan it ferieningsjier, útsein ferlinging fan dy termyn troch de Algemiene Gearkomste, wurdt in Algemiene Gearkomste – de jiergearkomste – holden. De opropping foar dizze gearkomste bart skriftlik troch it bestjoer, op syn minst fjirtjin dagen yn ’t foar. Yn dizze gearkomste komme ûnder mear oan ‘e oarder:
    1. it ferslach fan de kommisje neamd yn kêst 19 lid 3;
    2. jierferslach, de rekken en ferantwurding, bedoeld yn kêst 19;
    3. de beneaming fan de kommisje lykas neamd yn kêst 19 lid 3;
    4. de begrutting;
    5. foarstellen fan it bestjoer of de leden, oankundige by it oproppen fan de gearkomste;
  3. Oare Algemiene Gearkomsten wurde holden sa faak as it bestjoer dat – winsklik oardielet.
  4. Dizze Algemiene gearkomsten wurde gearroppen troch it bestjoer. De opropping bart skriftlik oan it adres fan de leden neffens it lederegister, of troch in konvokaasje yn it blêd. De termyn foar de opropping is fjirtjin dagen. By de oproping wurde de te behanneljen ûnderwerpen neamd, mei behâld fan itjinge dat beskaat is yn kêst 24.

Kêst 20.

Op skriftlik fersyk fan op syn minst in sadanich tal leden as befoege is ta it útbringen fan ien / tsiende part fan ’e stimmen, is it bestjoer ferplichte ta it gearroppen fan in Algemiene Gearkomste op in termyn fan net langer as fjouwer wike nei it yntsjinjen fan it fersyk. As oan it fersyk binnen fjirtjin dagen gjin gefolch jûn wurdt, kinne de fersikers sels ta dy gearropping oergean, neffens kêst 20 of by advertinsje op syn minst ien op it plak dêr ’t de feriening fêstige is in soad lêzen deiblêd. De fersikers kinne hieltyd mear bestjoersleden belêstigje mei de lieding fan de gearkomste en mei it opstellen fan de notulen.

Stimrjocht

Kêst 22.

  1. It stimrjocht kin mar yn in gearkomste útoefene wurde.
  2. Elk lid hat ien stim, stimmen by folmacht is net tastien. Studint-leden hawwe gjin stimrjocht.

Beslútfoarming

Kêst 25.

  1. It foar in gearkomste útsprutsen oardiel fan ‘e foarsitter, dat troch de gearkomste in beslút nommen is, is beslissend. Itselde jildt foar de ynhâld fan in nommen beslút foarsafier ’t stimd waard oer in net skriftlik fêstlein foarstel.
  2. Wurdt lykwols fuortdaalk nei it útsprekken fan it yn it earste lid ornearre oardiel de krektens dêrfan witten, dan fynt in nije stimming plak, wannear ’t de mearderheid fan de gearkomste of, as de oarspronklike stimming net haadlik of skriftlik dien hat, ien stimberjochtige oanwêzige dat begearet. Troch dy nije stimming ferfalle de rjochtsgefolgen fan de oarspronklike stimming.
  3. Foarsafier ’t de statuten of de wet net oars bepale wurde alle besluten fan de Algemiene Gearkomste nommen mei folsleine mearderheid fan de útbrochte stimmen. Blanko stimmen wurde beskôge as net útbrocht te wêzen.

Húshâldlik en oare regleminten

Kêst 28.

  1. De Algemiene Gearkomste kin in Húshâldlik Reglemint fêststelle.
  2. As de regeling fan beskate aktiviteiten fan de feriening dêr ’t noch troch de statuten noch troch it Húshâldlik Reglemint yn foarsjoen wurdt, kin it bestjoer oare regleminten fêststelle.
  3. It Húshâldlik Reglemint en oare regleminten meie net yn striid wêze mei de wet, ek wêr ’t dy gjin twingend rjocht befettet, noch mei de statuten.