Histoarje

Obe Postma (1868 -1963) wie neist dichter en wis – en natuerkundige foaral ek histoarikus. Syn histoarysk wurk falt yn romme sin ûnder de lânbouskiednis. Der binne globaal nommen trije ûnderwerpen dy ’t syn belangstelling hiene:

– Veldindeling

– Boerehûs 

– Boerebedriuw

Postma lei ferskillende searjes skriften oan, wêrfan ’t dy oer ‘ Geschiedenis ’, Fryslân ’ en ‘ Grinslân en Drinte ’ fan belang binne foar de kennis fan syn histoarysk ûndersyk. Hy nûmere de skriften per searje. Fan alle skriften mei-inoar, ek fan dy op oare gebieten, is  in ynventarisaasje makke mei trochrinnende nûmering (sjoch Argyf ).

Wa ’t witte wol hoe ’t er op it mêd Veldindeling in gesachhawwend histoarikus wurde koe, sil in soad fan syn gading fine yn de úttrekselskriften dy ’t er oanlei en dy ’t ek bewarre binne.It docht bliken dat er net allinnich tige mânske argyfûndersyk dien hat, mar, wat minder bekend is, him ek yngeand yn de ynternasjonale literatuer ferdjippe te hawwen.It begjin fan dy yntinsive stúdzje leit yn 1918. Dêrnei giet syn argyfûndersyk noch ûnfermindere troch, oant koart foar syn dea oan ta, mar literatuer lêst er dan noch allinnich mar mear ynsidinteel, ôfhinklik fan it spesifike ûnderwerp dat him op in stuit dwaande hâldt.