Oer Obe Postma

Obe Postma wie Frysktalig dichter, wis- en natuerkundige en histoarikus. Hy waard berne 19-3-1868 yn Koarnwert as âldste fan sân bern yn in boeregesin. Op syn trettjende gie hy nij it gymnasium yn Snits. Fan 1886 oant 1893 studearre hy wis- en natuerkunde oan de Universiteit van Amsterdam. Yn 1895 promovearre hy prof J.D. van der Waal.
Obe Postma wy doe al leraar yn syn fak oan de RHBS yn Grins. Dat soe der bliuwe oant syn pensjoen yn 1934. Doe sette hy him te wenjen yn Ljouwert wêr’t hy 26-6163 ferstoar.
Postma begûn mei dichtsjen sa roun 1900. Hy keas, sa skriuwt syn biograaf Phlilippus Breuker `foar de taal fan syn hert’: it Frysk. Yn 2005 kaam in bundel mei goed 450 samle fersen fan him. Hy ûnderhold kontakten mei dichters yn syn tiid, lyk as Slauerhoff.
Obe Postma’s poëzy wurdt noch altyd heech oanslein. Wurk fan him is oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Troch de kwaliteit en ûmfang fan syn dichtwurk wurdt hy sjoen as de dichter fan it Fryske lân en libben by útstek.
Mar Postma wie yn syn tiid ek in fernaam wittenskipper. Nei syn proefskrift kamen der noch ferskate wittenskiplikke publikaasjes fan syn hân. As wis- en natuerkundige korespondearre hy mei grutte tiidgenoaten lykas Lorenz. Letter lei hy him ta op de studzje fan de taal en skiednis fan it lân fan syn hert. Hy makke namme as kenner fan de midsieuwske skiednis fan Fryslân en skreau wittenskiplikke beskôgingen oer de histoarje fan de lânbou en buorkerijen dy’t no noch fan grutte betsjutting foar de kennis fan skiednis fan dizze provinsje binne.