Doelstelling

Doel fan it Selskip is Obe Postma syn libben ( 1868 – 1963 ) en wurk ( poëzy en wittenskippelijk wurk op it mêd fan de Fryske skiednis en de natuerwittenskip ) omtinken te jaan troch stúdzje, publikaasjes, útstallingen, ekskurzjes, kongressen, artistike prododuksjes etc. en hjirmei in sa grut en divers mooglik publyk te berikken.

It Selskip wol dêrmei ek en bydrage leverje oan in libbende kultuer yn Fryslân, sawol troch syn eigen aktiviteiten as troch omtinken foar Postma op himsels. Postma kin men in erflitter fan dy kultuer neame. Hy nimt dêryn in foaroansteand plak yn, liekgoed y de wrâld fan ûndersyk en stúdzje as yn de herten fan in soad lêzers. En hy hat de skiednis fan fitale dielen fan it libben yn Fryslân beskreaun, lykas it deistich libben yn doarp en stêd, it boerebestean en it boerebedriuw en de ûnderskate lânskippen.