YN ’ SKIMERJUN

Ald minske, yn dream, sjocht it finster út,
Belibbet de âlde tiid;
Wer komme de feinten de dyk út wei,
Mei fleurich seazegeryd.

Wer reizgje hja, in strieljende dei,
Nei fiere merke ta;
Hoe klinke de hoeven op ’e reed,
De tugen blinke sa!

Meast binn’ hja al wei; mar earne is er noch
Yn libben in âld boerehear;
Him effen te sjen, och as it koe,
Dat wie noch wol har begear.

Mar de âldste soan seit: jonge frou,
Wat sitt’ Jo dêr stil en stom!
Sjoch de kreammen hawwe de ljochten al op,
Wy draaie it knopke om!