YN SEPTIMBER

Mei d’ eagen iepen as de earste dei
Sa gûn ik út nei wêr’t it jinsen leit.
O wûnd’re hjerst, o ljochte simmergong,
O gouden hearlikheid!

De singel earst, de linen heech en blank;
De brede grêft, dêroer it âlde tún.
Dan ’t iepen fjild; de blide wegen út
Yn ûnberoaid gestrún.

De waarme wyn, it fjild, de eskenbeam –
It doe nimt stal yn ’e eigen gloed.
O jonge krêft, o fêste libbensdrift.
O frjemde seeën’ floed!