YN GRINSLAN

Sa’n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden.
Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht.
En jimmer wer haw ik der nei stribbe it Fryske karakter fan
Grinslân oertsjûgjend iepen te dwaan.
De terpen haw ik ôfreizge en de pleatsen haw ik beskôge;
De Aldfryske taaldokuminten haw ik ûnder eagen nomd;
En ik haw Helwert besocht om my eat fan bard Bernlef
foar eagen stelle te kinnen.

Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke;
Mar dy fersen hiene har libben almeast yn Fryslân;
Dat wie it lân fan myn jeugd en myn leafde.
Mar in inkele kear wie dêr in ljochte dei of in freonemoeting
dy’t syn eigen poëzij hie.
Myn fersen koenen myn Grinzer freonen ek net sa meinimme:
It wie in ‘frjemde taal’ en it gong oer in oar lân.
Hja seagen my mear as in man fan stúdzje dan as in
dichtersman.
Yn in Grinzer ensyklopedy sille hja my beneame as in skriuwer
fan lytse histoarjestikjes.