Wjerklank

Mei Wjerklank jout it Obe Postma Selskip ynformaasje oer de fuortgong fan aktiviteiten, projekten en publikaasjes, mar ek oare nijtsjes oer it wjerfarren fan it Obe Postma Selskip krije der in plak yn. Wjerklank jout graach romte foar gruttere of lytsere stikken oer it wurk en it libben fan Postma. Fierders jout Wjerklank omtinken oan beskriuwingen fan ûndersyksaktiviteiten, fuortgongsferslaggen, útstellen fan (nij) ûndersyk op it mêd fan filosofy, poëtika, skiednis, natuerwittenskip, foarsafier relevant foar de Postmastúdzje.