Hoe heucht my noch, sa’t ik dy middei siet
Mei ’t moanneskrift, yn ’t brede finsterbank,
En lies yn Nije Tún it wiis en skien gedicht:
‘Kaamsto my thús? Sjoch ’k nei safolle jierren…’
En hoe’t it fierder giet, sa stil, sa ryk.
Hoe’t skiente alles ta alles makket, gers en kerl
Oan dy gelyk: al ’t libben ûnder ’t laitsjend ljocht.
It âlde lêsmuseum hâldt in glâns
Oer fan dy dei. En letter ’t strieljend dicht
Fan Keizer Karel op it Falkenhôf;
Of Striidber Dichterskip.
Hy wie in freon oer mannich jier.
– O frjemde gearsit, sokken freone ring!
Ien op it blanke dún, ien ûnder ’t kreunjend want;
Mar uzes is har stim, en hâldt syn gouden tiid.