Presentaties

In de zomer van 2019 deed de kerk in Cornwerd mee aan Tsjerkepaad 2019 op de zaterdagmiddagen 6 juli, 31 augustus en 14 september. Dit in aansluiting met de kerken in het nabijgelegen Schraard en Wons. De kerken waren open van 13.30 – 17.00 uur. 

Zie website http://www.tsjerkepaad.nl/CMSH4D/index.php?pages_id=1&t=home

Speciale activiteit was op zatermiddag 6 juli waarbij om 14:00 uur door Prof. Philippus Breuker een Obe Postma lezing werd gehouden. 

Obe Postma (1868-1963) is geboren in Cornwerd en ligt begraven op het kerkhof naast de kerk.

Cornwerd
Graf Obe Postma op kerhof naast kerk

OBE POSTMA-MIDDAG 2019

  • Datum: 24 mei 2019; 14:00 – 18:00
  • Locatie: Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden
  • Opgave via email: annekejgdevos@hotmail.com
  • Toegang: leden (met introducé) gratis, niet-leden 5 euro 

BOEKPRESINTAASJE

Philippus Breuker,
Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma

Tiid: 13:30 – 17:00, Woansdei 24 Oktober 2018; Gysbert Japicxseal, Tresoar, Ljouwert

Programma
13:30 Ynrin, ûntfangt mei kofje/tee.
14:00 Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
14:05 Lêzing Tusken klaai en akademy troch Jan Gulmans, sekretaris Obe Postma Selskip.
14:40 Lêzing Het schrijven van een biografie: historiografische en narratologische overwegingen troch Elisabeth Leijnse, heechleraar Letterkunde, Universiteit Namen.
15:15 Lêzing Problemen by it skriuwen fan in biografy fan Obe Postma en yn dy biografy sels troch Philippus Breuker, auteur biografy Dreaun fan ierde’ dream.
15:40 Utrikking earste eksimplaar biografy oan Siebren van der Zwaag, âld-foarsitter fan it Obe Postma Selskip.
15:45 Ofsluting mei oanslutend ferkeap fan it boek en neipetear mei hapke en drankje.

Boekpresintaasje-DREAUN-FAN-IERDE’-DREAM-1.pdf

OPUS 9

OPUS-9.pdf

SELECTED POEMS; TASPRAAK: TEAKE OPPEWAL; 6 APRIL 2018, IN OBE, LEEUWARDEN.

Voordracht Teake Oppewal

OBE POSTMADAGEN 6, 7 EN 8 APRIL 2018

PROGRAMMA

  • GEDICHTEMIDDEI: it biedwurd is Lânskipspine? In útdaging foar de Fryske dichters. Obe Postma is wol ‘de dichter fan it Fryske lân’ neamd. Postma, de boeresoan dy’t syn hiele fierdere libben yn de stêd trochbrocht hat, hat dat lânskip grif idealiseard. It krige by him wat fan it tiidleaze, en dat ek foaral fanwege syn oanstriid om yn it hjoed mear te sjen as wat syn each no en hjir seach: by him wie it hjoed it resultaat fan it ferline, en dy twa wienen ien, want yn it hjoed wie ek it ferline te sjen. Hij seach de werklikheid ‘dûbel’. In seistal Fryske dichters sil mei harren eigen dichterlike ferwurking foar it buordsje komme oer hoe’t sy hjoed-de-dei it Fryske lânskip sjogge. Dy seis dichters binne: Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Friduwih Riemersma, Abe de Vries, Jetze de Vries, en Syds Wiersma. De organisaasje leit yn hannen fan Geart van der Meer (Obe Postma Selskip) en Lysbert Bonnema (Tresoar).

Tiid: freed 6 april; ynrin 13.30 – 14.00 oere; 14.00 – 16.00 oere de gedichtemiddei. Dêrnei noflik part (hapke & drankje). Plak: Tresoar.

  • BOEKPRESINTAASJE ‘SELECTED POEMS OBE POSTMA’: Oan de ein fan de middei is de boekpresintaasje fan de trijetalige útjefte (Frysk-Ingelsk-Nederlânsk) Selected Poems Obe Postma fan fersen fan Obe Postma (1868-1963) troch Tresoar en it Obe Postma Selskip. De oanbieding fan it earste eksimplear is oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De oersettingen binne fan Jabik Veenbaas en Anthony Paul. De útjouwer is Wijdemeer en it omslach en typografy binne fan Gert Jan Slagter. Yn Postma syn 150ste bertejier leit de kulturele ferbining mei Ljouwert as de Kulturele Haadstêd.

Tiid: freed 6 april, 17.00 – 17.30 oere. Plak: yn OBE, it gebou Lân fan Taal.

  • OBE POSTMA KUIER
    In kuier troch de stêd mei in gids lâns spoaren fan dichter-skriuwer Obe Postma. De kuier duorret likernôch oardel oant twa oeren. Aktiviteit yn it ramt fan Lân fan Taal en de Obe Postma Dagen. Organisaasje: Tresoar, Obe Postma Selskip e.o. Kosten: fergees.  Opjefte winsklik fia historischcentrum@leeuwarden.nlof telefoanysk (058 – 2332350).

 Tiid: sneon 7 april, 14.00 oere. Begjinplak: HCL.

  • KONSERT YN ’E DOARPSTSJERKE FAN HUZUM: 

 Poëzy fan Obe Postma op Muzyk “It Paad”

“It Paad”

m.m.f. 

Jeroen Helder – tenor 

Paulo Folkertsma – deklamaasje

Rianne Jongsma – fluit

Afke Wijma – piano 

Gerben van der Veen – harmoanium

Fokaal ensemble û.l.f. Gerben van der Veen

Fokaal ensemble: Aukje de  Graaf, Annelies Volgers,

Jannie van der Meer, Marjan van der Zwaag, Ari Boersma,

Halbe Klijnstra, Jan Nijenhuis, Rinse Tichelaar.

Tiid: snein 8 april. Oanfang: 14.30 oere. Sluting: 16.30. Tagong: 10 Euro. Plak: Doarpstsjerke fan Huzum.

Programma:

-1- de Jong (1953) út: Alde bylden winke (2007)

  • Yn ‘e foarsimmer
  • Yn ‘e ûngetiid
  • Slotsang

Fokaal ensemble, piano

-2- Visser (1939) Jiertiden (2013)

  • Maartedei
  • Simmer
  • Hjerstich
  • Winterjûn

Tenor, fluit, piano

De Kuier

Deklamaasje, harmoanium

-3- Folkertsma (1901-1972) Yn it iere foarjier (1927)

Tenor, harmoanium

-4- van der Kooij (1968) Liereman (2011)

Tenor, piano

-5- Visser (1939) út: Trije Obe Postma Lieten (2011)

–   Jûn

–   Al myn libbens freugden

-6- H.D. Odinga (1960)                Myn bestean (2011)

Fokaal ensemble, piano

  • Boekpresintaasje ‘Postma op muzyk’: Oan ’e ein fan it konsert wurdt it earste eksimplaar fan it boek ‘Postma op muzyk’ oanbean. Yn it boek binne mear as tritich komposysjes opnaam op gedichten fan Obe Postma. Ek de gedichten sels binne opnaam. Priis: 10 Euro.

LEZING TINEKE STEENMEIJER 14 MAART 2017

Lezing Tineke Steenmeijer14 maart 2017

LEZING GEART VAN DER MEER – JAARVERGADERING 2 FEBRUARI 2016

Lezing-Geart-van-der-Meer.pdf

LEZING JAN-DIRK WASSENAAR OP DE LEDENVERGADERING

Lezing Jan-Dirk Wassenaar op de ledenvergadering

ONTHULLING BUSTE OBE POSTMA OP 6 NOVEMBER 2014

Op 6 november 2014 werd in Tresoar de door Frans Tiessen ontworpen buste van Obe Postma tijdens een feestelijke bijeenkomst onthuld. Ter gelegenheid daarvan werden korte inleidingen verzorgd door George Huitema, voorzitter van het Obe Postma Selskip, Hajo Apotheker, burgemeester gemeente SWF, Frans Tiessen, maker van de buster,  Philippus Breuker en Willem Abma.

FOTOSERIE BOEKPRESENTATIE PROVINCIEHUIS LEEUWARDEN

George Huitema heeft van de boekpresentatie op 15 november jl. in de statenzaal van het provinciehuis in Leeuwarden een mooie fotopresentatie gemaakt. 

POËZIJMIDDEI TE KOARNWERT 12 MEI 2013

PRESENTAASJE STÚDZJEDEIBONDEL: ‘ZEKERHEDEN IN WAARNEMINGEN’

Presentaasje Stúdzjedeibondel: ‘Zekerheden in waarnemingen’ 

Huib Zuidervaart hâldt de lêzing:  ‘De Friese ‘Boerenprofessor’: realiteit of historisch construct?Cees Andriesse hâldt de lêzing: De heldhaftige boekhouder van Franeker.

“DE FASCINATIE VOOR SLAUERHOFF”

Op freed 20 maaie 2011 waard it earste eksimplaar fan it boek “De fascinatie voor Slauerhoff” presentearre. Huub Mous jouwt fan die gearkomste in ferslach. Sjoch Woorden en Wolken 

KONSERT MINGD KOAR ALDTSJERK

It Mingd Koar fan Aldtsjerk joech op 19 april 2008 om 20.00 oere yn de Paulustsjerke te Aldtsjerk in útfiering. Op it programma stie ûnder mear ‘Al myn libbens freugden’ fan Obe Postma, op muzyk set troch Renilde Duif.

NATUERKUNDIGE BIBLIOTEEK EN OANTEKENSKRIFTEN FAN OBE POSTMA NEI TRESOAR

Koartlyn – op tiisdei 9 jannewaris 2007 – waard troch it Obe Postma Selskip de wis- en natuerkundige biblioteek fan Obe Postma oerdroegen oan Tresoar. Ek waard in samling skriften fan Postma troch de Fryske Akademy oan Tresoar oerdroegen. De gearkomst waard hâlden yn de Gysbert Japixseal fan Tresoar.

Bert Looper, direkteur fan Tresoar, iepene de gearkomst. Hy lei klam op it belang fan dizze samling of boekerij foar fierdere stúdzje fan it oeuvre fan Postma. Neidat hy en de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, Siebren van der Zwaag, de oerdrachtsoerienkomst tekene hienen, fertelde Doekele Elgersma út Ootmarsum eat oer de eftergrûnen fan de boekerij. It die bliken, dat de samling kommen is fan Doekele’s broer Schelte, krekt as Postma wiskundige. De skriften fan Postma waarden dernei oan Tresoar oanbean troch Reinier Salverda, de direkteur fan de Fryske Akademy. As pièce de resistance fan de middei kaam de theoretysk-fysikus Frans Steenmeijer oan it wurd. De titel fan syn foardracht wie: ‘Iets over de wis- en natuurkundige bibliotheek van Obe Postma’. De lêzing, waard – yn tsjinstelling ta wat de hollânske titel suggerearret – yn it Frysk hâlden en is op it webstee fan it Obe Postma Selskip – dat ûndertusken al 90 leden hat – tagonklik.

De wis- en natuerkundige biblioteek fan Postma waard yn 2006 skonken oan it Obe Postma Selskip troch syn bestjoerslid Doekele Elgersma. It Selskip skinkt op syn bar dy boekerij yn eigendom oan Tresoar en hopet dat op dy wize de tagonklikheid fan de boekerij foar stúdzje tanimme sil. Tresoar hat it Selskip garandearre, dat de boeken byinoar stean bliuwe en beskreaun wurde sille as ‘Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek.’ De boeken wurde ferdield yn fiif skiften: natuerkunde, seefeartkunde, stjerrekunde, wiskunde en (wittenskips-)filosofy.

De neilittenskip fan Postma – eartiids beskreaun troch Philippus Breuker yn De Vrije Fries (1983) – omfettet ek sa’n goed 800 skriften mei oantekens en úttreksels. Dy binne op 9 jannewaris ek oerdroegen oan Tresoar. It eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) hie al in beheind tal skriften. Dy meitsje no, mei de op 9 jannewaris oerdroegen skriften, as ien gehiel diel út fan de grutte kolleksje Postma, dy’t no by en troch Tresoar beheard wurdt.

As ôfslutend ûnderdiel fan dizze feestlike middei, dy’t besocht waard troch sa’n 100 minsken, fierde in muzikaal trio de premiêre út fan “Blank lizze de fiere lannen”, komponearre troch Pieter Bakker fan Skraard nei oanlieding fan it gedicht “Wintermoarn” fan Obe Postma. Ut de reaksjes fan ‘e oanwêzigen die bliken, dat ek dit ûnderdiel tige op priis steld waard, krektlyk as alle oare ûnderdielen fan dizze middei.

Ondersteund door WordPress