TUSKEN IT SNEINSFOLK

TUSKEN IT SNEINSFOLK

 
As it ljocht op muorre en dak sa blinkt,
Dan siikje ik rommer paad;
Dan moat ik de wide fjilden sjen
En hege himmels haad.
 
Dan jou ik my yn it sneinske folk,
     – Har lûke ek sinne en ljocht, –
En wurd mei it klinken fan ús stap
Yn lichte drôge brocht.
 
En ljochte dagen út âlde tiid
Dy komme my wer yn it sin:
Sjoch heech de sinne! Fergeat er faaks
Syn deiske ommerin?
 
En it folk bedjert myn wille net:
By in feest passe freonen wol!
Wat sjogg’ hja ferheard: it is har sa frjemd,
Hoe jout him alles gol!
 
     – O, as my natoer ta it heechste ropt,
Dan wit ik fan freonen net;
Dan jou ’k my allinne oan har oer,
Yn myn siken slacht har hert. –
 
Mar no binne wy it sa meiinoar iens
En stappe er sa moedich op ta,
En oer ús wêzen leit bliere skyn,
En wy laitsje en njunderje sa.