OP IT TSJERKHOF

Op ’t lytse tsjerkhôf seach ’k jins namme stean,
Myn feint en goede freon;
In blier en freonlik aard; it omskot tear –
Te ier yn wraks’ljen bleaun.

Wie it jins Fryske sin, jins leafde net
Foar eigen taal en liet,
Dy’t my, in jonge doe, ta kennis brocht –
Besit dat net fergiet?

Dan komt ek ’t âlde hûs wer foar my stean,
Sa gol foar freon en gast;
Yn ’t tsjust’re mulhús, wat in ljochte sit!
En hoe’t er elts, dy’t oanrint, past!

En dat fergûn? Dy mem sa gol en rynsk,
Dy ring, dêr’t elts him flije mei;
Dy heit, wat strang, yn tsjerke stile en skraach…
Ik sjoch it as by dei!

It is sa libben jit as ik dy ’t dream.
Ja, âlde boer, wis yn gelovestriid,
Wat stoar giet net ferlern! It wêzen bliuwt
En libbet bûten tiid.