OP ’E SUDERDYK BY MAKKUM

Fan ’t leaflik oard ik koe net skiede;
Aloan hâld’ it de sinnen fêst.
In teare glâns lei oer ’e miede,
De bou hie al syn kleur foar ’t lêst.

It doarpke yn ’e tichte beammen
Lei donker yn ’e blide moarn;
It tuorke hie syn stille dreamen
En alles brocht syn bliidskip oan.

Mar ik woe fan it loaitsen keare
En gong myn paad, foar’t wille sonk;
En hâlde fêst it byld, it kleare,
Fan ’t moaie, dat de siele dronk.

Mar sjoch, yn see, dat stoer bewegen!
De tsjalk moat út mei wyn en tij;
De fok stiet spand; it seil omhegen!
De stringen los! Dêr is er frij.

Hoe nimt my mei it foarse libben;
Heech giet it troch ’e ljochte dei.
Farwol, farwol! Dêr gean myn sibben,
De seilen lûke; ik far mei.