Nieuwsbrief

Bêste minsken,

It bestjoer fan it Obe Postma Selskip (OPS) bringt jim graach op’e hichte fan aktiviteiten fan it Selskip.

It earste nijs is dat de reachside fan OPS meikoarten klear is. Fan 15 augustus ôf is de side tagonklik: www.obepostma.nl . Op de side stiet wichtige ynformaasje oer it no en oer it ferline fan OPS. Dat lêste betsjut ek dat de side ek in archyffunksje hat. Der is ek in nij logo makke. Dat moat de herkenberens befoarderje.

It bestjoer hat socht nei aktiviteiten oer libben en wurk fan Obe Postma. Der hawwe  al hiel wat publikaasjes  west oer Postma as dichter. It bestjoer mient dat der no gjin reden is om  op dat mêd aktiviteiten te organisearjen.

Lykwols, Obe Postma as dichter fan it Fryske lân kin tige ynspirearend wêze foar it neitinken oer it Fryske lân yn de kommende jierren. Der sille tûzenen huzen boud wurde moatte yn Fryslân. Wat betsjut dat  foar (de kwaliteit fan) it Fryske lân? 

It tema is: wenje yn it lânskip. Sjoch ek dit prachtige gedicht FAN IT FRYSKE LAN | Obe Postma Selskip.

Is der in fisy foar behâld en fuortsterkjen fan it Fryske lân? Oer dizze fraach wurdt neitocht op de Lunchlêzing fan Tresoar, op 20 oktober 2022 (fan 12.30 ôf). We binne wakker dwaande om in nijsgjirrich programma gear te stallen: skriuw de datum fan 20 oktober 2022 mar yn it bûsboekje.

Fierders: ús Selskip hat wat jild krigen foar syn aktiviteten, mar dat is gau op. It soe moai wêze as de ponge fan it Selskip de kommende tiid fold wurdt mei ledejid. We freegje by dizzen oan de leden om minsken te bewegen om mei te dwaan oan it Obe Postma Selskip. Hoe mear leden, hoe mear mooglikheden om de neilittenskip fan Obe Postma fruchtber te meitsjen, foar no en foar de takomst.

Mei freonlike groetnis,

Lútsen Kooistra

foarsitter

(korte samenvatting in het Nederlands)

Eind augustus zal onze website zijn vernieuwd. Een duidelijk archieffunctie en een nieuw logo zult u aantreffen. Aangezien er al veel publicaties zijn geweest over de dichter Obe Postma zal het bestuur hier dit jaar geen activiteiten op ondernemen.Wel zal op 20 oktober om 12:30 een lunchlezing worden georganiseerd in Tresoar Leeuwarden over de kwaliteit van het Friese landschap. U krijgt hier nadere informatie over maar schrijf de datum alsvast in uw agenda.