MYN FERSEN

Soms binn’ hja my sa nei, dat ’k foar my hinne
Har rigels jimmer wer beprev’lje moat;
As by in mem de bern: hja bliuwe
Mar yn ’e eageweid en woll’ net fuort.

Hja binne opkomd út myn bloed; yn noedlik skeppen
Haw ik har foarme as myn einliifs bern;
Ik haw har heind en opbrocht nei de sede –
Dochs oan de kliber net de frije gong ferlern.

Dizze binn’ jong; mar inkeld koe it wêze
– Sjoch ik har letter oan – : ‘haw ik dy wûn?’
Eat bûten my hat him ta libben bylde,
Sa hat in macht’ger wâldzjen foarming fûn.