LYK AS YN JONGE TIID

Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins,
Troch ’t simmersk lân, mei âld’re trouwe freon,
Sa wêze, maten, jimme reis mei my;
Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun.

Hoe gûnen wy – wie ’t jimmer sinne en ljocht? –
Mei flugge stap de blide lânen yn!
De frjemde paden brochten wûnd’re njû,
De geaen leinen yn in nije skyn!

O ’t binnenpaad de blanke finne troch!
Gjin swieter stee as dêr’t de klaver rûkt;
Hjir oer in hout, dan wer in foarhaad lâns;
O, hoe’t ús – bern – dochs jimmer wiksel lûkt!

Koesto dat doarp? Sjochst hoe’t om hege terp
De feart him slingert? ’t Hiem nei ’t wetter ta,
De huzen stean yn ’t rûn; op heechste kling
Leit frij it hôf; de winen sprekke ’r sa!

Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien,
De âlde ruten jouwe lytse dei;
Mar wite râne siert de muorren op,
En ek foar hûs d’ abeeljen pronkje ’r mei.

Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet;
Oer har binn’ ropp’ge stoarmen gien,
Mar sterk haww’ hja de earmen bûgd
En hjerstmis as in kening stien.

– O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht
Nei ’t lêste stee; en wat ik sjong is wei,
Of hast fergûn – o, ûnbegryplik eat!
Ferstoarn, fergûn en dochs yn ljochte dei!