De jûn giet om it stille hûs;
Hja lústerje; elts hat syn dream.
’t Is swalkjens skoft, wat lang fersonk
Sylt wer op libb’ne stream.
De frou, wêr’t hja op wachtsje mei?
O wûnder wurk! Koe noch sa’n bloei
Him iepenteare maitiidsblank?
O jûn! o tinzen’ licht gedjoei!
De wyn strykt troch it wintersk hôf;
De man giet mèi syn rûzich paad;
Dwylwegen nolk! O wyld bestean!
O frjemde tochten’ djippe saad!
De bern dream’ oer har bûnte print,
De kleur’ge wrâld fan prins en fee,
En weagje yn har lichte boat
In reis nei ûnbekende see.