‘JO LEZE FEST FAAK YN JO EIGEN GEDICHTEN?’

Y. Poortinga

Is dat sa? tocht ik doe; mar no is it wol goed wier.
Al mar wer nim ik it boek yn ’e hannen en blêdzje dêr yn;
En meast yn de lêste helt; want ik wie al âld ear’t ik djipper
trochskôgje koe.
No wurdt ‘De hege dyk lâns’ al mei de skoalbern lêzen,
mar ‘Fuortgean’ is in fers dat tinzen oer dea en ivichheid
bringt.

‘Dat fersespul giet altiid oer it selde,’ haw ik ris lêzen.
Dat kinne wy oannimme as dêrmei it Fryske lân en libben
bedoeld wurdt, want dat sei ek de âlde namme.
Mar de grutte boarne is de mienskip mei de libbene natoer om
jin hinne…
– O, dy Keats dy’t op in hikke springt om de ‘floed fan it lân’
te sjen as de wyn oer de raaien strykt! –

Nêst dy mienskip mei de natoer stiet de ienens mei it ferline.
Yn it fers ‘Mienskip’ komt dêr al wat fan as der stiet ‘en al
wat hjir troch bloei en stjerren gong’.
Mar yn it gedicht ‘Foarjier’ hawwe wy de ferbining mei it ferline
as de ‘fiere faar en moer’ der yn behelle wurde, omdat troch
har my de leafde foar it ljochte foarjier oankomt.
Sa bringe dizze beide fersen eat fan de ynderlike essinsje fan
dizze poëzij.

Mar der binne ek eagenblikken dat de minske’ siele heger grypt.
Dan fielt hja har ferbûn mei it grutte en it ivige;
Hja hat part oan it alomfetsjende begripen of is diel fan
in alsiele.
Yn it fers ‘Ein’ lêze wy fan ‘ferstoarne geslachten’ wêzens skyn’
dy’t opnomd wurdt fan de ‘weagjende siele’.