IN ALDERE STIMME SPREKT

Noch wynt him it paad de lânen troch
nei it lytse doarpke ta;
Noch komt oer ’e greide de rook fan it hea
en de klaver blomket sa:
Noch rattelt de haaiwein oer ’e reed en
hellet syn kost’le fracht;
Noch drave de keallen de finne oer,
as it seel op ’e amer slacht.

Mar wy binne wurden gammel en âld
en hast is de krêft tenein;
As in ienlike beam ferwaaid en krom,
fan ’e seewyn fûl teslein;
It libben fersinkt en de moed fergong,
it frjemde is sa nei;
O skimen, ferstoarnen, om my ta!
’t komt al út ’e djipte wei.

En alles wat my oan jonkheid bynt,
dat is sa ljocht en goed;
Aldfreone antlit, wat skraal en bestoarn,
is sterk fan jonge moed.
O feinten, o freonen, it libben bleau,
hoe fêst sjoch ’k jimme dêr stean,
En fiel fan jimm’ wêzen de deugd en gloed
my troch de siele gean.