IERDE EN HIMMEL

Ik bin net sa from dat ik d’ ierde net leavje
As hja bloeiend oan myn fuotten leit,
En as har boarst yn machtich weagjen
Har leaver heechste lok foarseit.

Sa nim ik oan al wat my biede
De sinne, d’ ierd’, har skepene dracht:
De waarme gloed, it strieljend libben
En wat hat oer de siele macht.

En sjoch ’k yn ’t east oan blanke himmel
Fan gouden skyn de strieling myld,
Ik wit: it oard fan fromm’ne langstme
Is foarme nei dit hillich byld.