IEPENWRALD DICHTERS

Sa hjitte, haw ik lêzen, de dichters dy’t rûnom mar oer
dichte kinne,
En dy’t net sa folle jouwe om rym en om mjitte;
Ommers, de wrâld leit foar har iepen en op it heech
muzykjen hoege hja net te wachtsjen.
Yn Hollân by de lêste generaasje (om ’e tsien jier dy, wurdt er
sein) skine hja net te wêzen;
Mar ik, op myn âlde dei, soe der foar útskolden wurde kinne.

Ik kear de skiente ek net by my wei
Mar it skiene byld hat wol sa folle op mei myn jonge,
heechrikkende, freon mei de earnstige eagen,
En ik doch it wol mei de âlde printen dy’t myn jonkheid
ljocht makke hawwe.
– Ferware hingje hja oan ’e muorre, of betomke sitte hja yn in
skoalboerd –
Mar dy’t tocht hienen dat de poëzij har net kenne woe,
Komme nei my ta om har freugde te sizzen.

En de wrâld leit iepen om ús hinne.
Dat is de ierde, dy’t ús fuotten betrape hawwe, ús hannen
beskeard en bedold.
Dat binne de eleminten, fjouwer, dêr’t wy mei boarte hawwe
en wraksele.
Dat is it libben út ’e ierde fuortkomd, lyts en earmhertich,
grut en gloarjend.
Dat binne ek ljocht en tsjusternis, dea en ûneindichheid.
En dan mar de iene sjonge en de oare stammerje.