HUSHIMMELERSTIID

De fine takjes mei it jonge grien
Weve op en del: in libben sûnder rêst
Wêr’t stiltme wie; de noardewyn hat nocht
En docht no mei de boarters sa syn bêst.

De jonge twigen stean as fearren út
Tsjin kleare loft; ’t is alles jong en bliid
En nij en sterk; it waar is koel en fêst,
In moaie dei foar drokke maaietiid.

En jimmer wer bring’ koele, kleare loft
En ’t jonge blêd de âlde bylden mei:
’k Sjoch ’t kleed oer ’t rak, it bûthús yn ’e weak
En frjemd âld guod út tsjus’re hernen wei!