Hjerstmoanne
De lytsfeint mei syn huigerop
Hellet de kij foar it melken op.
Wynmoanne
No de apels siikje yn ’t hôf,
Hja reine fan de takken ôf.
Slachtmoanne
Hazze, hûn en jagersman,
De bern meitsje der har boartsjen fan.
Wintermoanne
Sinteklaas út Spanje wei
Nimt foar ’t Fryske hûs wat mei.