GRUTTE EN LYTSE DINGEN

Myn havens mei keningsnammen binne lytser as de havens
fan Rotterdam en Antwerpen,
En dy sille wer behindiger wêze as wat yn New York en Londen
raast en beart.
Myn lânen en seeën binne sljochter as wêr’t blauwe bergen
rize en wêr’t mailboaten oerstjalpe wurde.
Ik haw swijd oer ‘de swarte hûn fan de minskelike ellinde’ en
de fjoeren en bloedstreamen fan Sina en Spanje;
Oer de grutte nammen fan Hitler en Mussolini haw ik neat
op skrift brocht,
En ik haw gjin radio iepen set om sterke wurden op te heinen.

Mar it waachsen út ’e ierde fan alles wat libben hat, haw ik
djip yn my opnomd,
En it wrotten fan de bouwers ta minskene behâld út de iene
boarne.
De leafde fan de siele, dy’t it libben brocht en opkweke hat,
haw ik yn my streamen field,
En oan dea en ûneindichheid bin ik net alheel foarby gien.