GRUT HOF

Ferware stobben, út de mantel bleaun,
As frjemde meunsters – tafel, heksestoel;
Ien beam noch foars oerein, de mânske kroan
Nei ’t easten oer; beskutter sûnder doel.

Ien donk’re parrebeam hâldt stân, in bosk
Fan stammen kronkeljend ta reuzen’ kom;
Wat skriele fruchten heech yn it toarre blêd,
It lêste, skeam’le, fan ’e âlde rom.

Twa, trije kij yn it greidestik: it âld hôf.
O achttjind’ ieuske pracht, fergûn, ferblet!
En mole, en hûs – o âlde hearlikheid!
It stoar ús ôf en hat syn treaster net.