FUORTTSJEN

Ik haw twa jonge freonen ferlern.
De iene leit earne in grutte autowei oan;
Net as oannimmer of yngenieur, mar hy soarget dochs dat de
materialen it plak krije dat hja hawwe moatte.
De oare is boy op in boat yn ’e wylde feart op easterske en
westerske seeën;
Hy hat it lyts gedoch hjir wêze litten om’t syn langsten
wienen
de frjemde wrâlden en it grutte swalkjen.
(It giet ‘reuze’, seit syn heit, en hy praat alle talen.)

Sa binne hja fuorttein lyk as oaren fuorttein binne;
Sa as de tiden fan it jier fuortgean en ienkear de dagen
fan ús jeugd.
Mar fan allegearre haw ik behâlden wat hja my jûn hienen;
En somtiden as de âlde oeren opkomme,
Sjoch ik de jeften wer oan fan jeugd en fan ljochte strieling.