FUORTGEAN

Earstdeis sil ik dizze ierde ferlitte moatte en ta de faderen
fersamle wurde.
It is wol net dat ik harren moete sil en mei liifseagen
oanskôgje;
It is mear dat ús stalten fan it Al-betinken yn ien byldberik
gearbrocht en omfieme wurde sille.
– ‘Dan silsto allinne as byld bestean bliuwe?’ –
It meie sa werkelik wêze as it byld fan dyn memme leafde!

Froulju en tsjinstb’ren hoege net – sa as earen wol – mei my it
libben te ferliezen;
Ik sil fuortgean, mar hja dy’t om my hinne wienen sille libje.
It jufferke, dêr ik juster wat by koft haw, sil wer in pears daske
út ’e etalaazje ferkeapje (te krijen as de útstalling fernijd
wurdt),
En de professor, yn waans leard boek ik studearre haw, sil wer
syn Fryske lessen oan ’e studinten jaan, dy’t oer de slimme
stavering kleie sille.
En it is my goed dat bliuwe sille wêr’t myn eagen oer hinne
gongen.

Ik sil fuortgean, nei it lân fan myn âlden en freonen; fan myn
jeugd en myn follere jierren.
No noch it swierste stik. De fleanmajines raze, mar ik nim
in bûtenromtlike ferbining. Aanst falt de tiid ek wei.
– Mar de boereman, dy’t it Fryske lân hoedzje moat, sil wer
de skuorredoarren iepen sette as de simmer op it heechste is;

En de jonge dichter, yn wa de hertstocht fan Gysbert libbet,
sil wer de plompen mei de fûsten oprôle sjen as de Ivige de
wjittering skjinnet.