FREONEN

Ik bin wat in stil en ienselvich persoan, mar dochs haw ik myn
freonen wol.
It kin in kelner op in stasjon wêze of ien dy’t syn wurk op
’e merk hat,
Of in oaren ien, dêr’t ik wol ris in wurd mei wiks’le haw.
Ek binne der waans libben tichter by my west hat;
Ik sjoch har sa daagliks net, mar earne bewarje ik in laits of de
druk fan har hân
En soms komme dy my wer tefoaren.
Ek wol ris bewarje ik in wurd. Sa haw ik yn jonge tiid in âld’re
freon hân,
En nei mannich jier brocht myn paad my oan syn hûs en ik
neamde myn namme;
‘Myn P…’ hearde ik him doe sizzen, en dy wurden haw ik bewarre.

Der is net sa folle foar nedich om freonen te hawwen;
Soms, as ik yn in doarpke oan ’e seekant kom, binne der lju
dy’t laitsje as hja my rinnen sjogge.
Dan tinke hja: dêr is dy rymker, dy’t fan Klaas en Keimpe rime
hat
En fan âld Oetske, fan wyldsjitters en fiskerlju;
En hja binne my wol genegen.
En no ek, sa’t ik mar wat sleauwe dingen sis,
Kinn’ der minsken wêze, dy’t ik meinim, om’t hja it libben sels fiele,
Net opmakke as in byld, mar sa’t de siele it oanbringt.