FOLKSBEWEGING

Stoeten fan froulju mei berneweinen swalkje de strjitwei út;
Hja hawwe hope eat fan de kriichsfinzenen te sjen, dy’t fan
Harns of Koarnwertersân komme moatte.
Oaren slepe de bern efter har oan: soks mei de herterkes net
ûntkomme!
Slierten langliddige jonges en fammensbern skowe oer it
fytspaad;
Rinteniers en steuntrekkers steane op ’e hoeken te wjerkôgjen.
Hat dan yn sa’n stêd gjinien wat te dwaan?

Om twa oere wiene hja der al en om tsien oere stiet it noch fol;
Komt der dan neat? Dat heart sa net; dat is gjin wizânsje!
Der hie dochs wol in lyts tuskennûmer west hawwe kinnen,
Sa as fan Djurre’ Meintsje dy’t hja yn in kroade nei tsjerke ta
ride,
As dy deis it hele doarp dêr hinne twongen wurdt.

O jimme striders foar de slach fan Warns, wat sizze jimme
fan sa’n folksbeweging?
Soe de eale graaf op syn gleon hynder, mei wat fertribele
Friezen efter him oan,
Har net sa leaf west hawwe as dy boeren sûnder skouwing op
har ploechgudzen?
O grutte betinkers, betink dy lytsens en ûnweardigens!