FOAR ’T EARST

’k Seach hjoed de bûnte kij yn ’t moaie lân,
Foar ’t earst, foar ’t earst! Ik seach foar ’t earst
de skieppeblommen
Sa moai op ’t stâltsje nêst inoar; noch nea
Seach ’k sa de apelbeam yn reade knoppe kommen!

Bringt dan wer eltse simmer syn oar moai?
Of is ’t in krêft fan dichters ’t âlde nij te fielen,
En jimmer wer te sjen mei berneeach
Wêr’t wrâld syn ljochte wûnders elts har byld yn miele?