FERTROUWEN

Moat ik dy arbeidersman no noch neame, dy’t foar syn hûs stie
doe’t ik dêr lâns kaam,
En dy’t tsjin my sei : Ik bin no 80 jier en ik rêd my alheel sels?
(Der wie noch gjin Drees)
Moat ik dy jonge kearel noch neame, dy’t mei de seine
yn it lân stie, dêr’t ik mei de fierrekiker nei seach?
Hy lake; hy skynde wol aardichheid oan myn keunsten te
hawwen.

Moat ik soks net ‘betrou’ neame? Fertrouwen yn ien,
frjemd oan it arbeiderslibben?
Dat is it fertrouwen dat ik hawwe moat om diel oan dy
libbens
te krijen.
En dan tink ik oan dy jonge freon, dy’t ik doe mei de namme
‘Pier’ beneamd haw.