FAN IN HOED OAN DE DICHTER JUN

Lang ferlyn, al in man mei grize hierren
Joegen Jo my in swarte filten hoed presint.
Dy hoed haw ik noch wol op,
Mar Jo binne al fuortgûn nei de Legere Boarnen.
It ding is âld mar kin noch droegen wurde,
De man is fuort en sil nea wer sjoen wurde.
Bûten oer de heuvels skynt fannacht de moanne
En de beammen oer Jo grêf wurde hin-en-wer skodde
fan de hjerstwyn.