FAN FUORGEN EN SLEATSWALEN

Dit moast no myn lêste dicht wêze.
Net mei ljurkesang en bloei fan hagedoarn – dat kin elts wol –
moast ik fuortgean,
Mar mei it ned’richste fan de greide, as ien dy’t de ierde
belibbe hat.

Fuorgen en sleatswâlen jouwe oan it Fryske lân syn stal;
Nei de fuorgen bûge de ikkers har ta, nei de sleatten de
gewinten.
Yn ’e fuorgen hast freugdich it streamke sjoen as it muorm’ljend
it lege siket;
Yn ’e wâlen hast diken en havens boud yn dyn lustich
wrotterslibben.
Mar dan wer de sleatten yn blanke skyn, wiidút, yn ’e
donkere lânen.

Op ’e sleatswâl siet Rembrandt doe’t er Diemen úttekenje woe,
En ik hie der myn stee om de wein mei melkersfolk de lânen
út riden te sjen.
De wein rattelt oer de reed de efterútse lânen yn;
Fierder, al fierder! Wat bochtet dy wei! Sille hja in libbenstiid
troch ride?
– Mar dan sjoch ik Durk Ottes, dy’t ik wol kennen haw, en
Ljubbe fan 1300 út it skiere opkommen…

‘It sil bestean,’ sizze hja, mar wêr is de terp fan Durk Ottes
bleaun, en it hûs en al it wêzen?
De grûn is dochs it fêste dat bliuwe moat!
‘En do mei dyn fuorgen en sleatswâlen, wêr sille hja keare
as de produksjekosten omleech moatte?’
En, sis ik sels, as de kolchozen komme?
En as der misdiedigers ferskine dy’t hele foltsen oerplantsje
wolle,
– Of oars mar fuortdwaan lyk as Durk Ottes Akke har túntsje?
O, allinne yn de Geast kin eat behâlden bliuwe!