FAAM

Sjoch, yn ’e tún dêr skrilje de roazen,
Nim my mei, nim my mei!
Dûnsje mei de goddeloazen,
Keamer is de sljochte wei!

Mem stiet weitsjend op ’e hoeke,
Hastich spylfaam om ’e bocht!
O, de gloeden dy’t my lûke!
Hjoed bestean ik wat net mocht.