Excursies

REISJE 2012

Naar Cornwerd!

Op zaterdag 12 mei werd, met als titel “It Koarnwert fan Postma”, het jaarlijkse OPS-reisje gehouden. Tineke Steenmeijer-Wielenga en Philippes Breuker waren verantwoordelijk voor de begeleiding. Zij hadden in nummer 11 van het tijdschrift ‘Wjerklank’ al, als toelichting op het reisje belangrijke bijzonderheden opgeschreven.

postmareiske20122
postmareiske20121

REISKE 2012: IT KOARNWERT FAN POSTMA, MEI KONSERT

Nei Koarnwert !

Op sneon 12 maaie waard, ûnder de titel ‘It Koarnwert fan Postma, it jierlikse OPS-reiske hâlden. Tineke Steenmeijer-Wielenga en Philippes Breuker wien ferantwurdlik foar de begelieding. Sij hiene yn nûmer 11 fan it tiidskrift ‘Wjerklank’al, as tarieding fan it reiske belanrike oantekens opskreaun.

REISKE 2011: NEI FIVELGO…

Postma yn Grins en Grinzerlân

Ferslach fan it reiske nei Fivelgo
Jan Gulmans
Sûnt de oprjochting fan it Obe Postma Selskip – hjerst 2006 – hat it Selskip ider jier in reiske organisearre. It earste reiske gyng, krekt lykas it reiske wêrfan yn dizze bydrage ferslach dien wurdt, nei Grinslân. De reden om twa kear it Grinzer lân te besykjen, leit yn it feit dat Obe Postma lange tiid (oant 1934) yn Grins(-lân) wenne en dat in protte fan syn fersen dêr har ûntsteansgroun ha (‘Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke’). Philippus Breuker skriuwt dan ek : ‘Postma is de dichter fan it Fryske lân en libben, mar dêr sit mear Grins en Grinslân yn as dat oant no ta sjoen is’ (sjoch ‘Wjerklank’, jrg. 1, no. 1, bls. 10). Ek diskear wie de reis taret troch Breuker en hy fertelde ûnderweis oer de plakken dêr’t wy oanstieken of lans rieden.

Twa kear in reiske nei Grinslân, dus. En wol nei Fivelgo, lykas it yn de Midsieuwen neamd waard. Letter waard it Fivelingo neamd, in streek yn East-Grinslân dat yn it westen begrinzge wurdt troch it Maarvliet en yn it easten gearfalt mei de eastgrins fan de gemeente Slochteren. Fivelingo grinzet yn it westen oan Hunsingo, yn it easten oan it Oldambt en de Eemsmûning, yn it súden oan it Gorecht (Appingedam, Loppersum, Ten Boer en Slochteren, in wichtich diel fan Delfsyl en in diel fan Bedum). De namme Fivelgo betsjut streek (go of gouw) fan de Fivel, in no fersâne rivierke yn de streek. Postma skriuwt yn syn haadwurk ‘De Friese Kleihoeve’ in oantal kearen oer Fivelgo. (sjoch bygelyks: ‘De Friese Kleihoeve’, side 90).

Werom nei it reiske. Om efkes oer tsien oere stapten de ûngefear 30 dielnimmers yn de bus fan de firma Dalstra út Surhústerfean. We gyngen op wei nei de stêd Grins. By ôfwêzichheid fan Siebren van der Zwaag mocht ik de dielnimmers hertlik ferwolkomje. Mei namme ek Philippus Breuker, tegearre mei Peter Molema gids op dizze dei en Aly van der Mark, dy’t lyk as foargeande jierren de foardracht fan de fersen wer foar har rekken naam. Ik grypte de gelegenheid oan te wizen op wat feiten en ûntwikkelingen it Obe Postma Selskip oangeande, lykas de fernijde webstee (obepostma.nl), de stúdzjedei oer Postma en de natuurwittenskip op 25 novimber 2011, de wurkgroep ‘Postma en de musyk’en it feit dat Geke Sjoerdsma as nij bestjoerslid it plak ynnommen hat fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

Oankommen yn de buurt fan it Sterrenbos te Grins, ûntwurpen troch stêdshovenier J. C. Becker en yn 1765 oanlein, lies Aly van der Mark it gedicht ‘Oantinken oan H.K’(SF 263). Dit gedicht, lykas alle oare  troch Breuker keazen en fan kommentaar foarsjoene, en troch har foarlêzen gedichten, stean yntusken op it webstee fan it Obe Postma Selskip (sjoch obepostma.nl; rubryk ‘Fers foar fers’). Ferfolgens gyng  de reis lâns it Cruiseschip oer de A7 rjochting Appingedam. Aly van der Mark lies ‘Jo binne fêst in âld skoalmaster’(SF 297). Bij Scheemda gyngen wy fan de wei ôf en fia de N362 teagen we nei Weiwerd. Dêr lies Aly it gedicht ‘Fan it Fryske lân’(SF 235).

Wy riden fanút Weiwerd nei Appingedam, wêr’t we yn de Nicolaaskerk it middeisbrochje opieten. De hear Peter Molema, rjochter fan berop en op de hichte fan de rjochtsskiednis yn it algemien en it Âld-Frysk rjocht yn it bysûnder, wie yn Appingedam ús gids. De âldste ferwizingen nei Appingedam binne ûnder oaren ôfkomstich út de trettjinde-ieuske kroniken fan de troch Postma oanhelle Emo en Menko, de abten fan it kleaster Bloemhof út Wittewierum. It kleaster lei by Ten Post en wie yn de Midsieuwen fan grutte betsjutting. De earste ferwizing yn dizze kroniken  fan Emo en Menko datearret út 1224 en de lêste út 1285. Appingedam wurdt dêrby oanjûn as ‘Dammensium’, ‘Damme’ en ‘Appengadomme’.

Nei Appingedam gyngen we op wei nei Marsum. De romaanse tsjerke te Marsum stiet op in wierde en is mei syn sealtektoer in juwieltsje ûnder de Grinzer tsjerken. Tichtby de koarslúting is oan beide kanten in hagioskoop te sjen. Yn it smelle heal-rûne koar stean lytse rûnboochfinsters. De klok datearret fan 1620. Breuker gyng ûnder oaren yn op de âlderdom fan de tsjerke, ynteressant omdat er fan 1307 is en de boustyl noch romaans, âlderwetsk dus: in lytse parochy! Fia Holwierde, Krewerd, Oosterwytwerd, Leermens en Zeerijp kamen we let yn de middei te Weteremden. De tsjerke te Krewerd (romano-gotyske styl) mei syn prachtich âld oargel op in kreake koene we allinne fan bûten sjen. Ek de Mariatsjerke te Oosterwijtwerd, ien fan de âldste bakstiennen tsjerken en datearjend fan foar 1200, koene wy om redenen fan tiidkrapte net besykje. Philippus Breuker fertelde oer de kampfjochters yn de tsjerke fan Westerwijtwerd (fan belang yn ferbân mei ‘lodde’en ‘pols’; yn ien fan Postma’s gedichten). De linker kampfjochter, neffens Breuker, soe wolris in pols as spear hawwe kinne. Yn dat gefal is de foarkant weifallen. Dat hiene de âlde Friezen. Dêr siet in pylk op. Postma hat fan dy polsen as spearen witten, blikens syn gedicht ’Oan dy’t my leze sille yn letter tiid’:

It is in minske, iepener op dichters baan
As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jout him oer oan dy’t ta ’t libben giet,
In feint, in bern, en sûnder pols of skyld.

Fia Leermen, bekind fanwege de Donatuskerk, tink oan it lied ‘Di goede sinte Donnatus, Al uth fan Lehrens, Di friat sinte Wolburg, In da saasche Gryns, etc., kamen we te Seeryp, wêr’t Aly van der Mark, steande op de preekstoel, in passaazje út ‘Nei sawntich jier’ fan G. A. Wumkes foarlies. Dy passaazje is te lang foar dit ferslach.

Nei in besyk oan Westeremden (de galery fan Henk Helmantel) waard it tiid de weromtocht nei Ljouwert oan te fangen. Lykas Postma yn syn gedicht ‘Bylden’sizze kin: ‘k Ha it libben opnomd, sa’t it woechs út’e wâljende ierde; It wrotten, it bouwen, de frucht’, sa koene wy nei dizze dei sizze dat we Fivelgo yn ús opnaam hiene, lykas blykt út ‘it wrotten, it bouwen, de frucht’ fan dit noch altyd midsieusk oandwaand lân. Klaas Bruinsma, fertaler fan Homerus, Ovidius e.t.q. én Postma-kinner, ferraste de dielnimmers oan it Fivelgo-reiske mei in foar him kinmerkend gedicht (mei seisfuottige hexameters). De troch him skreaune én foardroegen ‘Obiade’ fertolket sublym it fielen fan de dielnimmers oangeande it hjir boppe beskreaune reiske nei Fivelgo.

In lytse Obiade 2, t.g.f. de Obe Postma reis op sneon 28 maaie MMXI A.D.
Muze, besjong my de reis fan it learde en eptige selskip,
dat mei earbied en deemoed de namme draacht fan de dichter
Obe Postma, dy’t witnis en dichtkeunst sierlik ferbûn hat
mei de histoarje fan ’t âlde heitelân, dat him leaf wie.
Hja gongen moedich en fleurich de reis oan, mar fûnen ferbjustre
gau harren Waterloo yn it Grinzer bosk fan de stjerren.
Dêr gongen hja oan board fan de space shuttle, hjir neamd it Cruise ship.
dat yn de Wolden delkaam; dat wie by it tsjerkhôf fan Weiwert;
earen de tsjerke yn ’t mulpunt; nij Babel riisd’ oan de kimen.
Klear wie it lân ferkaavle lâns strielen; de terp as it mulpunt.
’t Miel wie yn Appingedam mei de fraaie Sint Nikolaastsjerke.
Dêr waard in freonlike man ûntdutsen yn ’t saaklike Grinslân!
Dêr wienen ek de kontoeren fan d’ âlde Solwerter weeme.
’t Wie by de hingjende kokens, dat Master Molema leard hat:
Appingedam wie by âlds in stêd dy’t yn Fivelgo’s bloeitiid
kearn wie fan alle sân frije Fryske Seelannen, Eala!
Ek ha hja west yn Seeryp, doarp fan preker Geart Aeilco Wumkes,
man fan wa’t Obe Postma dichte: ”Ha ’k net fan in man heard
fier útstekkende boppe de mannicht’ en wiis mei myn dichten?”
’t Rypster ljocht yn de Seerypster tsjerke blonk op út ’e skat fan
’t Aldfrysk rjocht, oan de tolve asega’s jûn fan de himel,
doe’t hja swalken yn roerleaze boat oer de heislike weagen,
inkeld in flymjende bile hantearren as ’t stjoerende helmhout.
Wee oer it earme doarpsfolk, troch ’t fjoer fan de flamme bedrige!
Ek ha hja yn de weeme fan Westeremden oanskôge 
Henk Helmantel syn keunst, troch him oantsjut as syn ’skeppings.’
Krekt yn dat part fan Grinslân is ’t âld Frysk karakter bewarre.
En oant hjoeddedei steane de pompeblêden yn ’t wapen.
Al mei dit byld net sa krekt as twa felle kampfjochters lykje,
al is ’t portret net sa klear as Beetke van Rasquert fan Ewsum,
dizze kronyk is nei wierheid beskreaun troch de iendeiske skriuwer,
dy’t lykas Emo of Menko de skiednis beskreau foar de neiteam.
Sa wie de moeting mei freonen yn ’t lân fan Liudger en Bernlef.
’t Is mar in lyts histoarysk stikje, mar grif is it better
as d’ antifryske leagens fan K. ter Laan en Klaas Heeroma.
Sa wie it lân fan de jeugd en de leafde fan ús Obe Postma,
dy’t de witnis en keunst yn syn fersen wist te ferbinen
ta in kosmyske ienheid, sa sjoen troch de master út Koarnwert.
Muze, ha tank foar de kâns te skôgjen it gea fan Grut Fryslân,
sa’t dat libb’ yn de siel fan de learde man mei de pinne.

Hjoed, sneon 28 maaie 2011                                  Klaas fan Easterein

Hjoed hat in tûk ûnderwizer de reiswein bestjoerd ta foldwaning.
Hjoed hat Aly van der Mark de Seerypster preekstoel beklommen.
Hjoed hat in golle man twa flessen fan slim geastryk sop jûn.
D’ oare sûnden lykwols binne besletten yn ’t hoal fan ferjitnis.

REISKE 2009: EAGJE OER ÚS LÂNSDOUWEN

Ferslach fan it reiske  fan it Obe Postma Selskip, 23 maaie 2009

De hege dyk lâns rûn myn paad
En ‘k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reid-omrâne bou.

Ut: OBE POSTMA, DE HEGE DYK LANS (1907)

Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip.

Meindert Schroor jout útlis

Dy tema’s komme foar in part ek foar yn it troch Schroor skreaune boek ‘De Wereld van het Friese landschap’, dat yn 1993 troch Wolters Noordhoff  utjûn waard. Philippus Breuker hie in stik taret  mei de titel ‘De dichter Postma en it lânskip. In kar ut syn gedichten by it reiske fan it OPS op 23 maaie 2009’. Alle dielnimmers krigen dizze tekst, wêrút Aly van der Mark de gedichten lies, lykas dy troch Breuker útkeazen wienen.
De rûte gong oer Snits, Alde Himdyk, Drylts, Nijesyl, Abbegea, Wolsum, Nijlân, Boalsert, Warkum, It Heidenskip, Hylpen, Warkum, Parregea, Dedzjum, Tsjerkwert, nochris Boalsert, Eksmoarre, Gaast, Piaam, Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Tanksij de manûvrearkeunst fan de sjauffeur berikte de bus fia de Alde Himdyk Drylts  en alle rillegau die bliken, dat Meindert Schroor in begenedige ferteller is, dy’t yn steat is oer terpen, ferfeaning, bediking, feanpolders, Karboan, miedenferkaveling en wat net al ynnimmend te fertellen. Klaas Bruinsma brocht dat sa ûnder wurden: Hjoed hat in tûke skroar in feestmantel snien út ’e lape. Koarte intermezzo’s, wêryn Aly van der Mark  gedichten lies en wêryn, foarsafier nedich, Philippus Breuker taljochting joech, soargen derfoar, dat ek de relaasje Postma en it lânskip alle oandacht krige. Faak beskriuwt in gedicht fan Postma, sa skreau Breuker,  in lokswjerfarren, sa’t it lânskip dat de dichter oandien hat. Tiid falt dan by Postma wei. Wat er dan wjerfart, is yn it waarnommene it bliuwende.
Yn Nijesyl stapten we efkes út de bus en skôgen de âlde Wimerts oer, dy’t earder wol Stienwikerfeart neamd waard. Dat tsjut op de belangrike ferbining mei Westfalen. Yn it Sjineeske wok-restaurant te Boalsert brûkten we de kofje. Noch foar it middeisbrochje by de ‘Wijnberg’ (ek) yn Boalsert, kamen we troch it Heidenskip mei syn fersprate pleatsen, ek troch Hylpen mei syn oare ekonomyske basis fan skipfeart en lânbou en syn dêrmei gearhingjende oare lânboustruktuer fan mienskarren en mieden, en rieden wy by Iemswâlde lâns, dêr’t Postma in pleats út 855 weromfûn hat dy’t der noch leit. Under it middeisbrochje fertelde Breuker eat oer de plannen fan it Selskip. Hylkje de Jong hie dy foar de jierren 2006 oant 2016 op papier set.
Op dichterlik mêd kamen Willem Abma en Klaas Bruinsma oan it wurd. Bruinsma, bekind fan in fariëteit oan fertalingen (wêrûnder de Ilias en de Odyssee en stikken fan de saneamde tragici) makke in ‘Obiade’ op it reiske. It is te moai om it net yn syn gehiel op te nimmen.

In Lytse Obiade

Muze, besielje myn sang fan de treflike reis fan it selskip!
Hjoed hat de âlde langst my wer dreaun de tocht te berymjen,
ynspirearre troch Hylkje, de Sapfo út Ljouwter kontreien.
’t Selskip fan Obe Postma hat reizge troch d’ âlde lansdouwen.
Sierlik wie’t maitydswaar; hat Obe dêr faaks mei anneks west ?
Muze, hear nei myn sang, as ik wer de bard rop ta ’t libben,
troch de kontreien fan Westergoa reizjend, oer diken troch himmen,
oer de Himdyk nei de Nije Syl, dêr’t de geefboude pleatsen
tsjin elkoar oankrûpt binne, wylst Rembrandt yn’t gers sit te mieljen
yn ’e krêft en de fleur fan de dei, dy’t bloeid’ oer de lannen.
Gjin swieter gea as dit maitydske lân mei de klaver syn swietrook !
Under de flagge fan Sina hâlde de reiswein fan Dalstra.
Liuwen stoarren ús oan, mar wienen ferstienne, gelokkich.
En de leaflike loaits fan de tsjinstfammen bêde ús rêstich.
Nektar, ambrosia kaam by de Wok-sinezen fan Bolswert.
Nee, it wie appeltaart, dy liet him ek tige goed smeitsje.
En de kofje wie broud fan it bloed fan de readpelikanen.
En Iemswâlde en Tsjerkwert wienen donaasjes foar d’ eagen.
Koartsluting by Molkwar twong it folk nei de marren fan Warkum.
Troch de foarlêste iistiid en pealwjirmen kaam men yn Hylpen.
Dêr wie ús âlde sprake fergriemd ta in Bokwerter taaltsje.
Yn ’e Wynberch gjin drip fan de geastbedwelmjende wyndrank,
tawijd oan rûzige Bacchus, mar ’t gastmiel sêde de magen.
Wol krigen wij in groetnis, net fan de siter, mar brassband.
Ek ha wy sjoen de skimen fan ’t glânzige ryk fan de T-Ford.
Kalm rieden wy foarby oan de sierlike skierstins fan Schakel.
Ha jimme ek by Gaast de bochtige seedyk oanskôge?
Ha jim de skippen ek sjoen dy’t sylden fier oan de kimen?
Of ek ús Costa del Sol: de Holle Poarte fan Makkum,
deun by it strân fan de see mei de blakstille spegel fan weagen ?
Ha jim ek mei ús west op’e terpen fan Achlum en Hitsum ?
Jim binne kundich fansels fan de hoedzjende Penjumer Halsbân ?
Ha jim te Tsjom by de toer west mei’t swiid eachweid oer de fjilden
en yn it grienjende gea fan it heimige buordsje fan Tolsum,
‘t kleare bewiis fan ús feetylt en hannel mei’t folk fan it Suden.
No ha guon learden de runen fertrap’ yn de sompe fan witnis!
Grif ha jim west te Frjentsjer mei stêdhûs en d’ âld Akadeemje
fan it heechlearde skaai fan de learden fan kennis en leauwe.
Ha jim it wrâldwide wûnder ek sjoen fan wolkammer Eise,
dy’t yn syn hûs it hielal omfieme mei talleaze stjerren?
Ha jim it sljochte folk ek wrotten sjoen yn har arbeid?
Dan ha jim skôge mei blidens de wide lannen fan Fryslân,
Want mei har âld berin binne hja jim jimmeroan hiem bleaun.
Jim ha de snaren wol triljen field fan de siele fan Fryslân.

Klaas fan Easterein.
Hjoed, sneon 23 maaie 2009, t.g.f. de Obe Postma-reis.

Willem Abma, lykas alle oaren, wie efkes stil nei dizze master op it mêd fan Homeryske heksameters. Lykwols, hy woe reagearje en op de efterside fan (wat like) in sigarekistke dichtte hy:

Op Klaas Bruinsma

Wy harken ûnder it kostlik miel
Op dizze skoandere Obe Postma -dei
Nei it homearysk heldendicht fan Klaas
Dat ús bedielde mei syn pronk en priel
’t Omsittend laach fol bewûndering sei:
Nim dizze man tenei elk jier doch mei,
Ferneamd set er in oar syn fersen oer,
Mar mear noch is er sels it dichtsjen baas.

Om op Postma en it lânskip werom te kommen: neffens Breuker wie it gedicht Snein-te-middei (1922), neist wat oare gedichten út dat jier, it earste wêr’t it de skiednis fan it lânskip is dat it wjerfarren bepaalt. Postma’s argyfûndersyk hie Postma dêr gefoelich foar makke. Dêrtroch kin er yn it besteande it âlde werkenne en dêrmei it bliuwende en gelikense. It spilet yn Grinslân, Postma is op wei nei Wierum. Hy sjocht de pleats, it âlde stee, it hôf en it fjild en hy ken de eardere bewenners, want yn argiven hat er har nammen fûn. No kin it lân dêre him eigen wurde, lykas Fryslân fanâlds al west hat. De libbensstream, it bliuwende dat trochgiet en belibbe wurdt, ferbynt de dream fan de dichter en it aktive belibjen fan de jeugd. It gedicht De Lodde (1923) giet oer it bliuwende nut fan it lânwurk. Wat mar in ienfâldich stik ark liket, wurdt, sa skriuwt Breuker, betwinger fan de krêft fan natuer. De lodde, mear as ien kear maat en freon neamd, is mar de tsjinner fan him dy’t it stik ark brûkt. Dy mei dan weireitsje, hy hat dien wat dien wurde moast. It binne deselde wurden dy’t Postma op it alderlêst fan syn libben oer himsels notearre: ‘Mar ik haw dien hwat moast.’ Dat siet him heech. Al yn it gedicht Hjerst fan 1903 hjit it: (myn ferlangst is) ’sûnder print fan died net út it wurk te gean’ en yn It wurk fan 1912 hat er it oer minsken dy’t fan har dwaan in print hjir efter litte wolle.
Wat it lânskip oanbelanget, yn it gedicht Lyk as yn jonge tiid (1924) wurdt werom grypt op wat Postma en syn eardere skoalmaster Hellinga yn 1891 op in lange kuier sjoen en belibbe hawwe. De reis sil gongen wêze oer Ingwier, de Wûnser Wearen en troch de Makkumermar. It doarp is Allingawier. It gedicht is makke op it ferstjerren fan Hellinga.

LYK AS YN JONGE TIID (1924)
Lyk as yn jonge tiid myn rinnen sneins,
Troch ’t simmersk lân, mei âld’re trouwe freon,
Sa wêze, maten, jimme reis mei my;
Hjoed hat wer wat fan d’ âlde langst my dreaun.

Hoe gûnen wy  – wie ’t jimmer sinne en ljocht?
Mei flugge stap de blide lannen yn!
De frjemde paden brochten wûnd’re njû,
De geaën leinen yn in nije skyn!

O ’t binnenpaad de blanke finne troch!
Gjin swieter stee as dêr’t de klaver rûkt;
Hjir oer in hout, dan wer in foarhaad lâns;
O, hoe’t ús  – bern  – dochs jimmer wiksel lûkt!

Koesto dat doarp? Sjochst hoe ’t om hege terp
De feart him slingert? ’t Hiem nei ’t wetter ta,
De huzen stean yn ’t rûn; op heechste kling
Leit frij it hôf; de winen sprekke ‘r sa!

Sjochsto dat hûs? It bochtich tek is grien,
De âlde ruten jouwe lytse dei;
Mar wite râne siert de muorren op,
En ek foar hûs d’ abeeljen pronkje ‘r mei.

Sjochsto dat hôf? In mânske rige stiet;
Oer har binn’ ropp’ge stoarmen gien,
Mar sterk haww’ hja de earmen bûgd
En hjerstmis as in kening stien.

 – O freon, Jo binne wei; wy haww’ Jo brocht
Nei ’t lêste stee; en wat ik sjong is wei,
Of hast fergûn  – o ûnbegryplik eat!
Ferstoarn, fergûn en dochs yn ljochte dei!

Yn de neimiddei teagen wy troch Makkum, Wytmarsum, Penjum, Arum en Achlum fia Frjentsjer werom nei Ljouwert. Siebren van der Zwaag betanke Meindert Schroor, Aly van der Mark, Philippus Breuker, Hylkje de Jong en, net yn ’t lêste plak, de man, dy’t de heksameters fan Homerus fol taspilngen op rigels fan Postma oersette nei it Obe Postma-reiske, te witten Klaas Bruinsma. Takomme jier stiet it reiske yn it teken fan de besibbens tusken Jan Jacob Slauerhof en Obe Postma. Ek Jorwert sille wy dan oandwaan!

Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa’n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te beginnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. De sosjaal-geograaf en histoarikus Meindert Schroor wie oanlutsen om ús tidens de reis it ien en oar te fertellen oer tal fan tema’s oangeande it lânskip.  Lees verder →

REISKE 2008: KOARNWERT EN OMKRITEN

It Obe Postma Selskip sjocht it as ien fan syn opjeften elk jier in reiske foar syn leden en oare belangstellenden te organisearjen. Tsjin dy eftergrûn waard op 24 maaie 2008 it twadde reiske hâlden. Dizze kear gyng de reis nei Koarnwert en omkriten. Ek dizze kear hie Philippus Breuker de lieding; hy wie it ek, dy’t yn ‘Wjerklank’( nr. 3, side 8-12) in taljochtsjend artikel skreau ûnder de titel: ‘Wol yn dream oan dy oarden tinke, paadwizer by it reiske nei Koarnwert en omkriten’. In lytse fjirtich minsken kamen der op ta setten.

Lees verder →

REISKE 2007: O GRINZERLÂN, DO FRYSKE GEA, HOE LEIST YN SWIIDSTE SIMMERPRACHT!

Ympresjes oangeande it Grinslân-reiske

Al rillegau nei de earste gearkomste fan it Obe Postma Selskip yn novimber 2006 te Koarnwert waard dúdlik, dat it Selskip doel hie op in Grinslân-reiske, dat wol sizze in reiske troch Grins en omkriten lâns dy plakken, dy’t yn it wurk fan Obe Postma op likefolle hokker wize omtinken krigen ha. Under lieding fan Philippus Breuker – dy’t yn it earste nûmer fan ‘Wjerklank’ in beskriuwing fan it Grinslân-reiske bean hat – waard de tarieding fan it reiske oanfongen. Op sneon 2 juny fan dit jier wie it safier.

Net minder as 38 minsken hiene harren oanmeld foar it reiske. Om tsien oere stuts de bus fan de firma Dalstra út Surhústerfean ôf. Fia Drachten kamen we – neidat ús foarsitter Siebren van der Zwaag de dielnimmers hertlik wolkom hjitten hie en derop wiisd hie, dat it Selskip sa’n hûndert leden hat – yn it sintrum fan Grins út. Dêr die Breuker ús witten – steande foar it hûs Oude Boteringestraat 21 – dat Postma dêr op keamers wenne hat en dat hy dêr mei syn freon Tjitze de Boer yngeande gesprekken hân hat oer filosofy, skiednis en mooglik ek oer poëzij… It gedicht Yn Grinslân (SF 400, 1962) begjint net tafallich mei: ‘Sa’n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden, Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht’. Dy fjirtich jier slane op de perioade 1894 oant 1934, it jier dat Postma mei syn suster nei Ljouwert teach. Wy seagen de âld-HBS, wêr’t Postma dy fjirtich jier learaar west hat. It gedicht Tebinnenbringen fan in âld skoalmaster (SF 398, 1962), dat foardroegen waard yn de bus foar de Rijks-hbs yn de Grutte Krússtrjitte, slacht op dy fase fan syn libbensrin tebek en út dat gedicht, dat krekt as in grut oantal (15) oare gedichten treflik troch Aly van der Mark foardroegen waard, docht bliken, dat hy heel wol by dy grinzer en drintse jonges syn freonen hie. Bygelyks Eije Wiersema út Skouwersyl (1896-1921), waans ‘strieljende laits’ neffens Breuker mooglik ferwiist nei it Platoonske diel hawwen oan it goddelik ljocht.

De lunch waard brûkt yn it Elanderhûs by it Hoarnse Djip. Yn de bus dêrhinne hearden wy Strjitliet (SF 80) en Myn hûs (SF 89) en oan it Hoarnse Djip waarden Romantyk (SF 144) en De Kuier (SF 177) foardroegen… Strjitliet docht tinken oan de Mei fan Gorter; dream en liet befrije. Ut it gedicht sprekt in langst nei frijheid, natuer en Fryske folk. Myn hûs komt werom op de ‘sill’ge pinksterdei’, krekt as yn Pinkstersnein (SF 15, 1901) de dei werop ’t it heechste lok op de dichter saaid is en de himmel iepen gien is. Ek Romantyk docht oan Gorter tinken (yn it griene skimer: de avond aamt nu haar goudgroene licht).

It waar wie ûndertusken prachtich en der wie folop gelegenheid foar de dielnimmers inoar neier kinnen te learen en de Postma-lêserfarings út te wikseljen… Nei de lunch gyng de reis nei Leegkerk. Dêr droech Aly van der Mark uteraard By Leegkerk (SF 146) foar. Breuker gyng yn syn taljochting ûnder mear yn op it feit, dat neffens Postma de siel him útjout yn romte (natuer) en tiid (’t âld geslacht) en, ten twadde, wat de ierde belibje foar Postma ynhâldt. Breuker ferwiisde nei it krekt ferskynde boek fan de skiednisfilosoof Frank Ankersmit oer de sublime histoaryske erfaring. Wy rieden by tsjerke en pleats Gravenburg lâns, fia Dorkwerd mei yn ‘e fierte Oostum, Wierumerschouw en Wierum. ‘Mar haww’ jimm’ ek stien te Oostum, Of te Wierum op’t heechste en de fjilden sjoen wiid om jimm’ hinne’ (Fan it Fryske lân, SF 235). Uteraard gyngen we ek nei Fransum – sjoch it gedicht yn ‘Fan wjerklank en bisinnen’ – en dank sy Breuker syn yngeande taljochting witte we no ûnder mear, wa’t de ‘Dôfhûdige Saksyske âld-man’ is, werfan ’t yn dat gedicht sprake is (Ter Laan). By Wierum waarden noch Sneintemiddei (SF 145) en Pinkster (SF 202) foardroegen.

Op it hôf te Saaksum (by it grêf fan C. O. Jellema) droeg Aly van der Mark it oandwaanlike gedicht De ierde nei (SF 170) foar. Oandwaanlik troch ‘it wiete gers’ dat ús tinken docht oan ‘ik rûn troch ’t gers… ik wie in bern/Gods ierde nei’ út Dei yn desimber (SF 179); mar ek fanwege it ‘oerbyld’ werfan ’t yn dit gedicht sprake is, it oerbyld dat troch Plato lyk steld wurdt oan de Idee. Yn ‘e bus op wei nei Helwerd waard Grutter Fryslân (SF 228) foardroegen, it gedicht mei de ûnferjitlike rigel ‘Mar tichter by sjoch ik in lân, sa uzes lyk as ea ien wie’. Ek de Heliand kaam op it aljemint, wylst ôfsluten waard mei Unlijige snein (SF 206), wat neffens Breuker reminisinsjes hat oan Narrenwijsheid fan Van Schagen.

In hazze yn Frânsum op ‘e preekstoel
preke oant er der dea by delfoel
lykwols, hy joech it net oer
want nei’t syn wurd yn ’t tsjerkje net mear klonk
wie it syn lichum dat d’ ieuwen troch stonk.

Dy limmerik waard och sa wurdearre en ek dêrom koe de foarsitter tebek sjen op in yn alle opsichten tige slagge dei. Hy tanke Philippus Breuker foar de taljochting en it gedegen kommintaar op de 16 gedichten. Fierders dankte hy ek Aly van der Mark, dy’t fan it Obe Postma Selskip in blomke krige. Siebren van der Zwaag dielde mei, dat dielnimmer dhr. J. Buenk him dy deis opjûn hie as lid; dat wol sizze it hûndertste lid fan it Obe Postma Selskip! Hy kriget ynkoarten in fergees eksimplaar fan de Samle Fersen.

Jan Gulmans, skriuwer Obe Postma Selskip