Categorie archief: Uncategorized

Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek. Beskriuwing

Beskriuwing
De wis- en natuerkundige biblioteek fan dr. Obe Postma, sa’t dy bewarre waard troch dy syn omkesizzer de wiskundige drs. Schelte Elgersma (* Koarnwert, 1932), waard yn 2006 yn eigendom skonken oan it Obe Postma Selskip. It bestjoer fan dat Selskip, besteande út drs. Siebren van der Zwaag (foarsitter), dr. Jan Gulmans (skriuwer), prof. dr. Philippus Breuker, dr. Doekele Elgersma en drs. Tineke Steenmeijer-Wielenga, skonk op syn bar op 9 jannewaris 2007 yn in feestlike gearsit yn de Gysbert Japixseal dy boekerij yn eigendom oan Tresoar. By Tresoar steane de boeken byinoar en binne se bekend as “Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek.” De synjatuer fan de ôfsûnderlike boeken bestiet út de letterkombinaasje OPS wn en in folchnûmer. Lees verder Obe Postma Samling, wis- en natuerkundige biblioteek. Beskriuwing

Oprjochting op 19 novimber 2006 te Koarnwert

Op snein 19 novimber 2006 is yn de tsjerke te Koarnwert in gearkomste hâlden fan it koartlyn oprjochte Obe Postma Selskip. Yn it folgjende wurdt dêr in beheind ferslach fan jûn. Yn syn wolkomstwurd memorearret de foarsitter fan it bestjoer, Siebren van der Zwaag, dat it Obe Postma Selskip leafhawwers fan it oeuvre fan Postma byien bringe wol. Fierder, dat it Selskip de bestudearring fan Postma’s wurk stimulearje wol en de útjefte fan syn wurk befoarderje wol. It Obe Postma Selskip wol alle jierren minstens twa gearkomsten organisearje oer aspekten fan Postma’s oeuvre. Fierder sil de feriening in blêd útjaan en in webstek ûntwikkelje en ûnderhâlde. Lees verder Oprjochting op 19 novimber 2006 te Koarnwert