Categoriearchief: Gedicht voor gedicht

Dizze rubryk is bedoeld om alle kommentaar op it wurk fan Postma by elkoar te bringen dat slacht op ôfsûnderlike gedichten. De gedichten krije dêrta elk in nûmer, sadat by elkoar komt wat by elkoar heart. Dat nûmer bestiet út in kombinaasje fan de letter S mei it bledsidenûmer fan it gedicht yn de edysje-2005 fan de Samle fersen. Guon gedichten beslane mear siden. Dan wurdt it sifer fan de bledside nommen dêr’t it gedicht begjint. Inkeld stiet der mear as ien gedicht op ien side. It nûmer wurdt dan oanfolle mei it folchnûmer op dy bledside. Sa wurdt ‘Al grutter it tal fan har dy’t ús ferlieten’ dus S243, 3. Wol men it gedicht sels oanhelje, dan graach by de earste rigel en dus net by de titel. Wol men ferwize nei in oar gedicht, dan graach ek mei opjefte fan nûmer en earste rigel. Ynstjoeringen kinne komplete ynterpretaasjes wêze, mar ek taljochtingen of fragen by in wurd of in rigel, of reaksjes op bydragen fan oaren oan dizze rubryk. Se kinne stjoerd wurde nei Philippus Breuker. Der wurdt fersocht de bydragen sa yn te stjoeren dat se sûnder redaksjonele bewurking pleatst wurde kinne. Dus graach sûnder ferminging mei oare saken en mei de namme fan de skriuwer.

S169, Peaskemoandei (1927)

Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiers­dronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ‘e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.
Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.
It âld stek en rou haach­guod wyld begroeid,
De gloaiende wâlen sa grien!
De brune sleat fol tyljende maitiidsgeur;
En oprinnend nei ’t hege, út modder en weaze,
De hokken en stekken fan ’t boere­eigen,
En tsjillen en slachters; en dan it binhús
Earen sa steatlik, no âld en skeamel!
O dit allegearr’ mei ien streek te omfiemjen,
– As hy dy’t ik net neame sil! –
En by it bargehok stean ik as in muorre.

Lieuwkema te MakkumPostma rint foar ’t neist fan de Makkumermar oer Leansein troch de lannen nei Lieuwkemastate yn Makkum (dat lêste is yn alle gefallen wis) en heart jonge manlju út de Himmen kommen. Dat is in byld fan ûnfergonklikheid, want út dy Himmen (in namme dy’t nei de himrik út de Midsieuwen ferwiist) komme al ieuwen manlju dy’t dêr meanden of oar wurk hienen. De dichter is ien mei har yn foarjiersdronkenheid, ek al seit er oars, en wurdt ek ien mei it âlde boerehiem, yn him is alle libben ferienige. Hy woe wol dat er al dy ienheid werjaan koe as Rembrandt (waans namme er suggestyf net neamt) – en sjochdêr it slagget him yn de lêste rigel. Perpleks fielt er him ien mei alles om him hinne, sels mei it bargehok.

PHB, maaie 2010