Categorie archief: Verzamelde gedichten

MEM

MEM

Ferlieze en ferlitte –
Kinn’ wy elkoar noch ferstean?
Al myn frjemde wegen
Koenen Jy net gean.
 
A1 myn frjemde freonen
Haww’ neat gemien mei Jo,
Myn libben is striid en sûnde –
Wat bin ik noch foar Jo?
 
Dan sizze Jy sa rêstich:
Do bist myn eigen bern,
Tinkst, ik sil dy net hâlde?
Tinkst, ik jou dy ferlern?
 
En hie dyn hert yn sûnde
Fierwei begroeven lein –
Mienst, ik soe dy net fine
Wie ’t ek oan ierdryks ein?
 
Ferlieze en ferlitte –
Mem, ’k sil de reis begjinne,
Alle frjemde wegen
Moatt’ nei Jo ta rinne.
 
Ut it Platdútsk fan Helene Brauer

 

NOARMANNE’ LIET

NOARMANNE’ LIET

De jûn komt en de hjerstwyn waait,
De rypkjeld spint om de spjirren;
O krús en boek en mûntsgebed!
Wy moatt’ allegearr’ hjir fandinne!
 
It heit’lân wurdt dizich en tsjuster en âld,
Sleau rinne de hillige boarnen:
Do goadewente, do grienjend wâld,
De bile leit klear foar dyn stammen!
 
En wy tsjenn’ stom, in fersleine kloft,
– Utdoave binne ús stjerren –
O, Yslân, do izige rots yn ’e see,
Riis omheech út nachtlike fierte!
 
Riis omheech en nim op ús swalkjend skaai –
Op skippen mei drakekoppen
Komm’ d’ âlde goaden, it âlde rjocht,
De âlde Noarmannen komme!
 
Wêr de fjoerberch lôget, de jiske falt,
Stoarmweagen de iggen beskomje,
Op dy, do stege ein fan ’e wrâld,
De winternacht woll’ wy ferdreame!
 
Nei it Heechdútsk fan J. V. von Scheffel
 

DEUNTSJE

DEUNTSJE
 
Johan, slaan do de skimmels yn!
Wy ride nei de faam,
En haww’ allinne brune op stâl
Johan, dan dy mar naam!
 
En haww’ wy mar in swarte guds,
Dan nim ik dy foar kar!
En bin ik net de boer syn soan,
Dan bin ik de lytsfeint mar!
 
En haww’ we hielendal gjin reau;
Wy binne fluch te skonk!
En ien dy’t lokkich is as ik,
Dy fynst net flakby honk!
 
Nei it Platdútsk fan Klaus Groth

 

US JOHAN

US JOHAN

Ik woe wy wien’ noch lyts, Johan,
Hoe grut wie doe de wrâld!
Wy sieten op ’e stien, Johan,
Witst wol? by buormans saad.
De moanne sylde ’t loftrom lâns,
Wy seagen, wêr’t er rûn;
Wat wie de himmel, tocht ús, heech,
En hie de saad wol grûn?
 
Witst noch hoe stil it wie, Johan?
Gjin blêd trille oan ’e beam.
Sa is it no net mear, Johan,
Allinne yn ’e dream!
O nee, as doe de skeper song,
Dat klonk oer ’t fjild sa hear;
Net wier, Johan? Dat wie in lûd,
Sa hearde men ’t net mear.
 
Soms dwale yn ’e skimerjûn
Myn tinzen wat fan ’t paad;
Dan wurdt it my sa frjemd te moed
As doe by buormans saad.
Dan draai ik my sa hastich om,
As moast ien nêst my gean,
Mar alles, wat der is, Johan:
Ik, dy’t te skriemen stean.
 
Nei it Platdútsk fan Klaus Groth

 

MYN HEITELAN

MYN HEITELAN

Der leit oan ’e noardein in lântsje leech,
     in lântsje leech,
En ienlik leit it strân,
Dêr blinkt de see, mei skippen fier wei,
     mei skippen fier wei,
Dêr is myn heitelân.
 
Ik sjoch oan ’e himmel de wolkens gean,
     de wolkens gean,
Dy komm’ oer it blauwe wiet;
En nei it lântsje driuwe se ta,
     driuwe se ta,
En in reintsje falt er swiet.
 
No leit it erf op greiden en wâld,
     op greiden en wâld,
En ’t nôt, dat stiet sa skoan;
En do leist stil, myn lântsje grutsk,
     myn lântsje grutsk,
Mei al dyn pronkklean oan.
 
Blonk net de fleugel as goud op ’e toer,
     as goud op ’e toer,
As de klok lette op ’e jûn?
En it fjild oer bloeide de hagedoarn,
     de hagedoarn,
En it gea lei swijsum yn ’t rûn.
 
Dan glânze as sulver ûneindich de see,
     ûneindich de see,
En ebbe kaam en floed;
En brûzen de weagen mei krêft oer ’e waad,
     mei krêft oer ’e waad,
O, hear dat djippe lûd!
 
Hoe blynje de wolkens, no ’t skimerich wurdt,
     no ’t skimerich wurdt, –
Hear ’k dêr net dyselde klang?
Och, nee, it kaam út myn eigen hert,
     út myn eigen hert,
In sêfte wemersang.
 
Nei it Platdútsk fan Klaus Groth

 

UT ‘HOLLANDSCHE KWATRIJNEN’

UT ‘HOLLANDSCHE KWATRIJNEN’ FAN
P. C. BOUTENS 
  
     XVIII
Ek hjir al haww’ J’ yn ’t stik ús foarbedreaun
Netbytekommen skien Jins wêzen skreaun –
Gjin blom, gjin minskehert, gjin beam yn winter
Is yn de macht fan myn begripen bleaun.
 
     LIII
Wat wie yn haat en deaslach, waar en wyn
By honger en toarst dyn skut en hill’geskyn,
Unnoazel hert, út leafdes hûs ferballe…?
Ik haw beminne mocht tsjin alles yn.
 
     LXI
Ut lytste boarn’ Jo suver te besinnen
Yn ’t earm geduld fan jimmer nij begjinnen…!
Wol is it libben koart en lang de keunst:
Wa mei in leafde oan ’e ein ta út-beminne?
 
     LXXI
Wy streevje hjir en ’t ein wurdt net belike,
Yn dizze kriich wer swinken is noch wiken,
Dy’t inkeld ôftwingt fan d’ ûneindichheid
Ien stap om tichter by Jo te beswiken.
 
     XCVII
Hoe woll’ Jo dat ’k my reedzje foar dy dei?
Dat ik wat klean my nim of lis dy wei?
Ik hie by Jo myn tahâld net as neaken.
Dy’t alles efterlit, bringt alles mei.
 
     XCIX
Myn each foarfielt it skearen fan de flym
Troch ’t lêste flues foar ’t rizen fan Jins kym.
Al lichter wurdt ’t geduld fan syn ferlangen:
Ien tear besinnen op syn stjerrensrym.

 

UT ‘STROFEN VAN ANDRIES DE HOGHE’

UT ‘STROFEN VAN ANDRIES DE HOGHE’

Hoe sil ik dy beneame neisto bist’ ;
Hoe ’t wûnder fan dit ljochttrochgluorre bûn
ferbyldzje yn trochsicht’ge klank fan taal
dy iepenbierje mei dyn ûnûtsprekberens
oan ’t hymjend lúst’rjen fan ’e bleke nacht,
oan ’t moarm’ljend freegjen fan ’e grutte see,
oan it blyn ûnleauwe fan dit earme folts…?
Ik sjoch gjin byld en gjin gelikenis…
De skiente fan dizz’ wrâld hie foar dyn komst
ik leave sa djip, dat op har antlit bleau
foar my net oer in swym fan heimlikens;
en mei de wyn, dy’t opstekt en ferwaait,
song ik fan eagenblik ta eagenblik
har neaken gloarjesteat: de leaflikens
fan ierde en see, fan sinne, moanne en stjerren
fersêfte dyn gemis ta skyn fan stil gelok,
sa as in mem fan in beminde soan
de tinende ûnrêst yn har earmen sust…
Der bliuwt gjin byld en gjin gelikenis…
En dochs ik wit dat earne yn it grêf
fan glânstrochdwaalde nacht fan ’e oanfang ôf
twa ienlikgrutte sinnen sûnder skaai –
hja lykje hjirwei sjoen ien ink’le stjer –
meinomd fan earst en nea fersteurd ferealjen,
om elkoars skiente hinne sweevjend krieme;
en neat fan al wat bûten har bestiet
hat aan fan sokken glânsferbline dei.
 
Oerset út it Hollânsk

 

DE HOVEN YN ’E BLOEI

DE HOVEN YN ’E BLOEI

By ljochte moanne soen’ hja byinoar komme:
De dei falt lang waans leafste komt tenacht.
Nei ’t lân teach al it folk. Skien’t sy de wacht
By ’t fjoer hie en by ’t miel, ûnder it fromme
 
Skaad fan ’e hurd, wat ûnk soe oer har komme?
Is ’t net of, no al, har wat lûkt mei macht
Under de hege middei’ sêfte ljacht?
Tel hat se wite gaas en kape nommen…
 
Mar út ’e hûs, sjoch rûnom oer it fjild
Der stean s’ as hja yn kape en wite gazen,
Betsjoend as yn in sliep fan hûndert jier,
 
Te wachtsjen op ’e trêd fan feintsje kwier,
Op fleur’ge rop, lûdroftich hoarneblazen
En in blier antlit oer ’e muorre tild?
 
Nei it Hollânsk fan H.J. Boeken

 

WINTERSNEIN

WINTERSNEIN
 
O de swiete nju fan it gouden sinneljocht
En de fjilden sa blank en rom:
O de blide rêst fan de winterstille wei
Mei syn pleatsen yn ’e slom.
 
Wy stapten fluch oer it hurdtrape paad,
It hert sa licht en frij;
Al it deiske soargjen op ’e flecht
Foar nuvere dreamerij.
 
In famke allinne wrot troch ’e snie
En sjucht nei de frjemden sa wiis.
‘Dy romje har lok, do wûnder fan it doarp,
Keningin fan dit paradiis!
 
En do silst it witte moarn oan ’e dei,
As ik dy myn feinten stjoer,
Mei poarperen klaaiïng, myn leave bern,
En in kostelik pearelsnoer!
 
Dy pearels wol foar dyn romme, blanke fjild,
It klaad foar de gouden dei…’
O wy gûnen sa licht oer ús stille paad,
De siele yn ’e drôge wei.
 
Nei it Hollânsk fan de oersetter

 

DE KRUSGONG

DE KRUSGONG
 

Fersen 54895530
 
Oerjûn waard doe foar de Joaden
aller minsken bêste,
de haters yn ’e hannen,
yn bittere bannen
nypjende twongen,
wêr him de grime
fyanten ûntfongen;
it folk him omkrong,
de skanddieders mannichte.
De machtige Drochten
ferdroech mei geduld
wat it folk him oandie.
Hja hjitten him te giseljen,
ear’t hja him it libben,
de siken, namen;
en spijden him yn ’t antlit,
dienen it ta hún;
en mei har hannen sloegen
de mannen op syn wangen
en him syn kleed benamen
en klaaiden him de rovers
doe mei it reade lekken,
en dienen oare dingen
yn har kweaaardigens.
Hjitten doe in kroane
fan skerpe doarnen
wûnderlik te winen
en de wâldende Kristus
setten
hja sels dy op ’e holle.
En gongen op him ta
en groeten him as kening
en foelen op ’e knibbels
en bûgden del de hollen;
’t wie alles om te hunen,
mar Hy koe alles drage,
de Drochten fan de folken,
de Machtige troch syn leafde
foar it geslacht der minsken.
Hjitten hja te meitsjen
mei de bile’ skerpens
de mannen mei har hannen
út de hurde beammen
in krêftich krús;
hjitten doe de Kristus,
it sillige bern fan God,
sels dat te fieren,
ús Drochten dat te dragen,
dat er soe ferbliede
stjerre de sûndeleaze.
Dêr gongen doe de Joaden,
de mannen nei har wille
laten de wâldende Kristus
de Drochten nei de dea.
Dêr koe men drôve dingen
smertlik hearre.
Skriemend efternei
kamen froulju snokjend,
manlju weinden
dy’t fan Galilea mei him
wiene komd,
fiere wegen folgjend;
har wie hars Hearen dea
swier fan soargen.
Doe spriek er sels,
fan de bern it bêste
en seach efter him;
hjitte har net te skriemen,
‘net mei’ jimme,’ sei er,
‘bedroevje
myn útreis,
mar mei skriemen mei’
jimme
jimme tsjoede wurken,
mei weeën bekleie,
mei bittere triennen!
Noch sil de tiid komme
dat de memmen
dêryn har fermeidzje
de Joadske frouwen
dat gjin bern har wurdt berne
yn har libbenstiid.
Dan sill’ jimm’ jimm’ sûnde
smertlik ûntjilde;
dan sill’ jimme winskje
dat jimm’ hjir bedekke
de hege bergen,
djip bedobje;
dea sill’ jimm’ dan wêze
leaver yn dit lân
as sokken minskemoard
te belibjen
as hjir dit folk dan komt.’