Categoriearchief: Bio- en bibliografie

Dr. Obe Postma…. mear as in Frysk dichter

earste lêzing fan it Obe Postma Selskip (sa likernôch sa) hâlden troch Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de tsjerke fan Koarnwert op snein 19 novimber 2006

Achte dames en hearen, leden fan it Obe Postma Selskip en oare belangstellenden,

Oan my is de ear om yn it noch jonge bestean fan ús Selskip de earste lêzing te hâlden. Ik sil wat fertelle oer myn wurk foar de biografy fan Postma, in boek dat ik skriuwe wol as dissertaasje en dêr’t ik dan fan hoopje der yn 2009 by Philippus Breuker op promovearje te kinnen oan de Universiteit van Amsterdam, Postma syn Alma mater. Ut myn stúdzjekar, de Fryske taal- en letterkunde en út myn wurk oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert, in ynstelling dy’t sûnt de fúzje mei de Provinsjale Biblioteek en it Ryksargyf ûnderdiel is fan it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, docht al wol bliken, dat de ynfalshoeke, dêr’t ik út wei skriuwe sil, de literêrhistoaryske wêze moat. Lees verder Dr. Obe Postma…. mear as in Frysk dichter