Boeken

OBE POSTMA RIGE

Yn de Obe Postma Rige binne de neikommende publikaasjesferskynd:

  1. Philippus Breuker en Jan Gulmans (red,), De dichters en de filosofen. Wijsgerige aspecten van de poëzie in Nederland rond 1900. Ljouwert 2008.
  2. Philippus Breuker (red.), Omt ik foar Dea net stilstean koe. Trettjinris Because I could not stop for Death. Ljouwert 2008.
  3. Philippus Breuker en Jan Gulmans (red.), Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking. Ljouwert 2009.
  4. Obe Postma,Veld huis en bedrijf. Landbouwhistorische opstellen (ed. Philippus Breuker,m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Hilversum 2010.
  5. Guus J. Borger, Philippus Breuker en Hylkje de Joing (red.), Van Groningen tot Zeeland. Geschiedenis van het cultuurhistorisch onderzoek naar het kustlandschap. Hilversum 2010.
  6. Philippus Breuker, Jan Gulmans en Hylkje de Jong, De fascinatie voor Slauerhoff. DeGerdyk 2011.
  7. Jan Gulmans (red.), Obe Postma yn it Russysk [trijetalige útjefte]. Ljouwert 2011.
  8. Jan Guichelaar en George Huitema, In beeld en tekst: Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900. Ljouwert 2011.
  9. Jan Guichelaar, George Huitema en Hylkje de Jong (red.), Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900. Hilversum 2012.
  10. Philippus Breuker, Goffe Jensma en Hylkje de Jong, ‘Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland’, Hilversum. Verloren, 2013.
  11. Geart van der Meer, Jan Gulmans (red.), ‘Obe Postma, Dichter fan it Fryske lân’, Utjefte ta gelegenheid fan de ûntbleating fan de búste fan de dichter en wittenskipsman, Ljouwert, 6 novimber, 2014.
  12. Philippus Breuker, ‘Obe Postma. It deistich bestean by âlds. Samle histoaryske opstellen II’. Wijdemeer, 2015.
  13. Tineke Steenmeijer-Wielenga, Geart van der Meer, “Obe Postma. In libben dat bloeide nei syn aard”, Elikser, 2017.
  14. Philippus Breuker, “Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma”, Wijdemeer, 2018.

OP RIGE 8: CATALOGUS TENTOONSTELLING BIJ PRESENTATIE “ZEKERHEDEN IN WAARNEMINGEN”

2011-Catalogus-OPS_final

BOEKJE TER GELEGENHEID VAN DE ONTHULLING VAN DE BUSTE VAN OBE POSTMA

Op 6 november 2014 werd in Tresoar de door Frans Tiessen ontworpen buste van Obe Postma tijdens een feestelijke bijeenkomst onthuld. Ter gelegenheid daarvan werd een boekje uitgegeven met bijdragen van Frans Tiessen, Philippus Breuker en Willem Abma. George Huitema, voorzitter van het Obe Postma Selskip, schreef een voorwoord.

buste Obe Postma

OP RIGE 6: “DE FASCINATIE VOOR SLAUERHOFF”

Op 20 maaie 2011 waard troch it Obe Postma Selskip yn Slauerhoff Interieurs te Ljouwert in boek op it gebiet fan de poëzij oanbean. Sprekkers wiene ûnder mear Hylkje de Jong en Martin Reints. Slauerhoff Interieurs is it plak wêr Slauerhoff opgroeide.

De titel fan it boek is: “De fascinatie voor Slauerhoff”. De redaksje wie yn hannen fan Philippus Breuker, Jan Gulmans en Hylkje de Jong. Der binne bydragen fan Huub Mous, (Slauerhoff en het onbehagen in de cultuur); Hein Aalders (Kamp met de demon. Het demonische in het werk van Slauerhoff); Eep Francken (Slauerhoff in de Nederlandse literatuurgeschiedenis); Marian de Vooght (De rusteloze en de berustende: Slauerhoff en Terborch in vriendschap en verbeelding); Philippus Breuker (Postma’s fascinatie voor Slauerhoff) en Wim Hazeu (De Friese bronnen van Slauerhoff).  It boek is útjoen yn de Obe Postma Rige no. 6 (ISBN 978-90-5615-265-9.)

2011-Slauerhoff

OP RIGE 4, 5: TWA NIJE BOEKEN

Op 31 maart 2010 waarden troch it Obe Postma Selskip yn it Natuermuseum Fryslân te Ljouwert twa boeken op it gebiet fan de lânskipsskiednis oanbean. Sprekkers wiene ûnder mear de histoaryskgeografen prof. dr. Theo Spek en prof. dr. Guus J. Borger. It gie om in mânske útjefte fan lânbouhistoaryske opstellen fan Obe Postma, Veld, huis en bedrijf, besoarge troch Philippus Breuker m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga, en de bundel Van Groningen tot Zeeland. Geschiedenis van het cultuurhistorisch onderzoek naar het kustlandschap ûnder redaksje fan Guus J. Borger, Philippus Breuker en Hylkje de Jong, mei bydragen fan Egge Knol (Het verleden van kwelders, wierden en dijken: werk voor natuurwetenschappers); Meindert Schroor (Tussen Geologie en Geakunde. Historische geografie van Friesland in de periode 1850-1950); H.Th.M. Lambooij (Het middeleeuwse kaartbeeld van Hollands Noorderkwartier); J.T. Bremer (De genese van de Kop van Noord-Holland en het westelijk Waddengebied); K.A.H.W. Leenders (Door de kracht der vloeden, of door ’t toedoen van menschen, verandert of gantsch te niet gegaan) en Adrie de Kraker (Landschapsonderzoek in de Zeeuwse Delta, 1990-2010). 

OP RIGE 3: EMILY DICKINSON-BONDEL

9

Yn novimber 2008 waard in stúdzjedei troch it Obe Postma Selskip organisearre. It tema wie diskear de dichteres Emily Dickinson. Seis sprekkers beljochten ferskate fasetten fan libben en wurk fan har. Sa makke Marian de Vooght ús dielgenoat fan ‘De ontvangst van Emily Dickinson in Nederland en Vlaanderen’. Odile Heijnders makke in fergeliking tusken twa dichteressen ûnder de titel: ‘Thuis is waar u bent, Een lectuur van Dickinson en Hadewijch’. De ferneamde fertaler Peter Verstegen liet syn ljocht skine oer ‘De mannen van Emily Dickinson’, wylst de âld-Dokkumer Harry Bekkering in lêzing hâlde oer ‘Vestdijks poëticale visie op de poëzie van Emily Dickinson’. Albertina Soepboer, ta beslút, spruts oer de relaasje Obe Postma tsjinoer Emily Dickinson; har bydrage hie as titel ‘Dêrfoar moat ik nei de bijen fan Emily Dickinson ta. Over Obe Postma en Emily Dickinson.’ Fiif fan de seis lêzingen binne opnaam yn it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’. Dit boek ferskynt by de Friese Pers Boekerij yn de Obe Postma-Rige (no. 3). De bydrage fan Odile Heynders wie al ferskynd yn it tiidskrift Parmentier en kaam om dy reden net yn oanmerking om yn it boek opnommen te wurden. Yn har plak hat ûnderskreaune in haadstik bydroegen; de titel dêrfan is ‘Finite infinity’.

Yn novimber 2008 waard in stúdzjedei troch it Obe Postma Selskip organisearre. It tema wie diskear de dichteres Emily Dickinson. Seis sprekkers beljochten ferskate fasetten fan libben en wurk fan har. Fiif fan de seis lêzingen binne opnaam yn it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’. Dit boek ferskynde yn juny 2009 by de Friese Pers Boekerij yn de Obe Postma-Rige (no. 3).

INVENTARIS SCHRIFTEN POSTMA

Fan dizze tekst is gjin oersetting beskikber / Van deze tekst is geen vertaling beschikbaar.

Ta de skriftlike neilittenskip fan Postma hearre mear as achthûndert skriften mei úttreksels fan stúdzjes en ek mei optekeningen fan gedichten op it stuit dat se ûntstienen. Se rinne fan syn skoaltiid oant syn dea. De skriften dy’t (troch dr. J.J. Spahr van der Hoek) yn 1982 op de Fryske Akademy brocht wienen, binne yn 1983 beskreaun troch Philippus Breuker en dêrneffens koartlyn ynventarisearre op Tresoar. Tresoar hat de beskriuwing oanfolle mei de skriften dy’t nei de dea fan Postma op it FLMD kommen wienen. Dat wienen mar in stikmennich. No binne se gearbrocht yn ien samling, de Obe Postma Samling (OPS). Wy tankje Tresoar foar de tastimming om de beskriuwing oer te nimmen. Se is ek te finen op http://www.archieven.nl.

Yn it ynliedend stikje by de skriften Filosofy en psychology stiet in printflater ([1908] moat [1900] wêze) en de skriften Filosofy 5 en 6 kinne op 1902 yn stee fan 1903 set wurde.

Ynventaris skriften (PDF)

Ondersteund door WordPress