AS MEN ALD WURDT

Krotten

Sân huzen yn it doarp steane leech, krotten hjitte it tsjintwurch;
In keamer mei twa bedsteden en de sinne ta de finsters yn;
In efterhûs dêr’t de bak stiet, en soms hingje der fûken.
Ek wol ris is der in gong nêst de keamer; dêr is dan fansels in
foardoar yn.
Hjir wie it dat faam en boarters har thús hienen.

Rilke hat earne foar in jonge dichter sein:
‘Hawwe Jo net (om te dichtsjen) jimmer Jo bernetiid,
Dy kostlike, keninklike rykdom, dat skathús fan oantinkens?’
Ik wie sokken rie net brek; ik wist oars wol
Fan dykhúskes en arbeidershuzen, fan hiem en skuthûn,
Fan in boat oan ’e wâl, dat op weachslach fergiet.
O dy krotten, dy’t it libben hienen en dêr’t de wrâld iepen lei!

De blauwe blommen fan Ate’ Marte

Ik siet op ’e bank yn it parkje om nei de blauwe blommen
te sjen.
It wienen de moaiste fan it plantsoentsje, sa as it doe de
moaiste yn ús tún wienen.
Ate’ Marte hie se fan Arjens Akke erfd, doe’t dy nei har nij hûs
ferfear;
Dy hie as skipperswiif wol de wrâld yn west om wat
seldsums en moais te finen.
Dy fan ús wienen wat donkerder blau mei wat giel en wyt
der yn;
Mar dizze hawwe it moaiste blau dat der bestean kin.
Wy neame it no ridderspoaren.