ALD

Ik begjin al aardich op jierren te kommen.
It soe dan oars hast de tiid wurde foar wize en ferheven
dramastikken, sa as oaren wol yn har âlderdom makke
hawwe;
Mar ik kin my sa net rêde mei sangen en tsjinsangen en de
geasten fan alle ieuwen hawwe my net te bate west.
In Frysk epos sil ek wol neat mear wurde, of it soe in lyts
eposke wêze moatte fan it meanen ôf oan it gersdruien ta.
Mar dan tink ik oan Douwe en Fedde; dy witte fan koaren en
rigen en Pier Gerlfs sille hja sa min bang fan wêze as fan
Simson.
(Sokken as de jonge Jehannes sille licht te frij rûndwale; oars,
ik hie him lêsten noch wol efkes oer it hier strike wollen.)

Ik bin wol âld mar net earwurdich.
Ik sil net steatlik de keamer op en del rinne om wize wurden
te sprekken tsjin in jonge ferearder;
En ik tink Eckermann soe besauwe, as him sok spul fan my
ûnder de eagen kaam.
Poëzij net mear wat heechs en aparts, mar frij en nei it
neatichste útgeande!

En dichters âld as syn Ekselinsje, lossinnich en bûten regel!
Mar as it belibjen op jin takomt en de âlderdom hat frijmakke?
As de dagen har freugde bringe en dy riist nei it ljocht?