AL MYN LIBBENS FREUGDEN

Al myn libbens freugden sitte yn de prunusbeam mei in
inkeld giel blêd dat trillet,
Yn de wolkens dy’t út it suden it loftrom lâns skowe,
Yn de blommen fan de attinsje dêr de sinne op skynt:
It is de ljochtskyn fan it wetter dat yn de leie stiet,
De tyljens geur fan de rûchskerne yn it foarjier,
It sjongende lûd fan de rotgânzen op de waard.

Mar it is ek memme fleurige jonkheid sa’t hja meiinoar yn de
moanneskyn de opfeart del ride,
It is heite bliidskip as er yn de poëzij fan de dichters syn leafde
belibbet,
It is pake’ en beppe’ ljochte útgong as hja hân by hân de
jonge maitiid yn ’e mjitte gean.
O, en faaks is it eat fan de dream fan de fromme
As er de ingels har blanke wjokken iepen tearen sjocht.