De Fryske boerkerij en it boerelibben yn ‘e 16e en 17e ieu

It boekje dat hjir digitalisearre útjûn wurdt, is pionierswurk op it gebiet fan de skiednis fan it deistich libben. Der wie al in lange tradysje fan boeken oer earder folkslibben, mar dy boeken gongen oer dingen dy’t de skriuwers sels noch meimakke hienen. Yn Fryslân is dêr K.J. van den Akker syn Van den mond der oude Middelzee in goed foarbyld fan. Mar de tiid dêr’t Postma hjir oer skriuwt, is earst mei de Frânske skiedskriuwers fan de Annales iepenlein. Yn Nederlân moat dan foaral tocht wurde oan de Wageningske skoalle fan Slicher van Bath en syn learlingen, dy’t earst yn de jierren sechstich fan de foarige ieu goed opkaam.

De boarnen dy’t Postma brûkte, wienen neist boekhâldingen fan boeren of rekkens fan kleasters, foaral wees- en ynvintarisaasjeboeken. De earste tekens dat er him foar de stúdzje fan it eardere deistich libben ynteressearre binne der al om 1925 hinne, mar it soe dochs duorje oant er klear wie mei syn Friesche kleihoeve dat er der mear systematysk om socht. Dat wie yn 1934. Nei’t er dat jiers de boekhâlding fan it Hasker konvint út it begjin fan de sechstjinde ieu bestudearre hie en dêr yn oktober 1935 in lêzing oer holden hie, moat it plan by him opkommen wêze om ta te wurkjen op in boekje oer it deistich libben. Dat waard De Fryske boerkerij en it boerelibben yn ‘e 16e en 17e ieu fan 1937, dêr’t dit út 1955 in bewurking en útwreiding fan is, dat is te sizzen fan de rubryk oer it boerelibben. Dat boekje gong alhiel oer de buorkerij, mar yn dizze bewurking is ek omtinken foar it stedslibben. Nij binne boppedat stikjes oer Huzen, Hôven en beamguod, Sykte en ferstjerren en in pear Rekkeningen.

Yn de ynlieding op it boekje út 1937 giet Postma ûnder mear yn op it karakter fan it wurk. Dat docht er net yn 1955 en dochs jildt ek foar dat boekje wat er der yn 1937 oer seit. Dêrom nimme wy it hjir oer. “For in djipper ynsjuch yn bidriuw en libben, for in algemiene fryske kultuerskiednis, scoe fensels mear foreaske wirde as in biskriuwing […] op himsels. Dêrfor scoe ek nedich wêze in biskôging oer saken as de ynfloed fen de stêd op it lân en fen oare lânstreken op it fryske lân en, dêrmei gearhingjend, de op- en delgong fen de ekonomyske tastân fen it lân as geheel en fen de geaën en geslachten op hjarsels. Oan sokke dingen scille wy yn dit boekje wol hast net takomme. Wy scille bliid wêze as wy hwet fen de uterlike forskining ta libben bringe kinne; lettere, djippere skôging scil de biweegjende krêften oanwize moatte.”

Wy tankje de redaksje fan Wumkes.nl foar de tastimming om gebrûk te meitsjen fan de digitalisearre ferzy dy’t Wybo Palstra fan Stienwyk foar Wumkes.nl makke hat.

Boek De Fryske boerkerij en it boerelibben yn ‘e 16e en 17e ieu downloade (PDF-dokumint, 2,0 Mb)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *