Boekpresintaasje

DE BOEKPRESINTAASJE FAN FREED 15 NOVIMBER YN DE STEATESEAL
Op freed 15 novimber 2013 is offisjeel it boek presinteard mei de lêzingen fan de stúdzjedei 2012 fan it Obe Postma Selskip. It boek draacht de titel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, mei bijdragen fan Marnix Beyen, Maarten Duijvendak, Hanno Brand, Johan Frieswijk en Philippus Breuker. It boek is ferskynd ûnder redaksje fan Philippus Breuker, Goffe Jensma en Hylkje de Jong.

De presintaasje wie yn de sfearfolle Steateseal fan it provinsjehûs oan de Twibaksmerk, en wie drok besocht. Nei ynrin mei kofje en tee iepene foarsitter George Huitema de gearsit, wêrnei’t eksimplaren oanbean waarden oan de sprekkers fan dy middei, de oanwêzige skriuwers en de redakteuren. Hylkje de Jong fertelde bij de oanbieding fan de boeken oan de oanwêzige skriuwers op tige geastige en ûnderhâldende manier ien en oar oar de prachtige lokaasje fan dy middei.
De sprekkers fan dy middei wienen Harm Oldenhof, Hans Mol (ferfanger fan Hanno Brand, dy’t fanwege famyljeomstandichheden hjir net wêze koe) en Siebrand Krul.
De njoggentichjierrige Harm Oldenhof helle inkelde persoanlike oantinkens op oan de tiid fan Obe Postma. Hans Mol fan de Fryske Akademy gong dêrnei koart op ’e tekst oer it lânbouhistoarysk ûndersyk fan Obe Postma, lettere beneieringen en metoaden fan de skiednisbeoefening, en in bespegeling fan wat Obe Postma, grut en tige krekt samler fan feiten út oarspronklik boarnemateriaal, grif fûn hawwe soe fan ús tiid, mei syn internet en syn oerweldigjende massa’s beskikber feitemateriaal. Ta beslút krige Siebrand Krul de gelegenheid ien en oare te fertellen oer it Historisch Tijdschrift Fryslân, in újefte fan it Keninklik Frysk Genoatskip.

Dêrnei wie it tiid foar in drankje, in hapke en in praatsje. De bijwenners fan de stúdzjedei 2012 koenen fergees har eksimplaar meinmme, en oaren koenen it keapje. It wie alles bijelkoar in ynformative en gesellige middei op in sfearfolle lokaasje.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *